Weppers moandei 3-11

Weppers snein 2-11
1 november 2014
SDS-ledengearkomst
3 november 2014

Mannen (en froulju) fan SDS,
Sneon 1 Movimber is de start fan een pracht fan in kampanje om oandacht te freegjen foar in oantal syktes by mannen.
It giet om prostaat- en teelbalkanker en geastlike problematyk. Underwerpen wêr’t net elkenien fry oer prate kin/wol.
Op dizze side en dizze feesboekside is mear ynformaasje te finen.

As alle mannen fan SDS no ris meidogge, kin it net oars as moai praat en moaie plaatsjes opleverje tochten wy sa.
Dreech kin it net wêze…….

Forza FC Mustache!

Socht
Trainer/coach/leider/flagger foar Vr.2. om beurten soe moai wêze. Der bin al in pear dy ’t  wolle mar it soe moai wêze at der noch in pear bij komme, foaral foar de sneons.
TK


Clarence Sluier Klassemint.

Sneontemoarn hiene wij noch efkes in praatsje mei de fêste strafskopnimmer fan SDS 4, dy’t de lêste wedstriid in strafskop mist hie.
“Ik krij noch in kâns, ik bliuw se nimmen”, sa liet hij ús witte. Dat hij al sa gau wer oan de bak moast, hie der net tocht. Middeis krige hij de gelegenheid om ôf te rekkenjen mei syn misser fan in pear wike lyn. It slagge net. Ek no miste hij. Wij binne benijd at der in tredde kâns komt. (gelokkich hiene wij noch in foto fan 23-10-2004 doe’t hij ek in strafskop miste tsjin WPB)

Beker
Der sitte noch trije teams fan SDS yn de bekerstriid.
Sneon 15 novimber wurde der twa wedstriden spile.
SDS E 1- Zeerobben E2
Heeg F2 – SDS F2
De famkes fan MD1 komme pas nei de winterstop wer yn aksje.

Patat en Frikandel
VV Scharnegoutum 1 sit noch yn de beker en hawwe VV De Pelikaan lotten foar de folgende ronde. By De Pelikaan stiet doelpuntenmasine Freddy de Groot alias Freddy Frikandel yn de spits en by VV Scharnegoutum stiet âld-SDS’er Anne Stenekes alias Anne Patat efteryn. It kin dan ek hast net misse dat op sneon 15 novimber “Patat” en “Frikandel” byinoar stean…………. Mei mooglik makke troch Van Kammen………

Op doel en op skot

Dit is in foto fan Larissa Eupper fan F2. Nommen fan út it sikretariaat. Moai rêstich sit se de earste helte te wachtsjen en te wachtsjen  en te wachtsjen op in doelpoging fan Oosterlittens.
Yn de twadde helte mocht se fuotbalje. Dêr hawwe wij gjin foto fan, mar in filmke hie dan ek better west. Se kaam hielendal los fan it wachtsjen. Se makke de iene akjes nei de oare en it iene doelpunt nei de oare. SDS F2 wûn mei 10-0.

Ynrinsjurts


B1 helle sneon in moaie oerwinning op Workum B1. Soene de nije ynrinsjurts dêr in rol yn spile ha?

DirkYde
Wij meie hast wol oannimme dat Dirk Yde Sjaarda en freondinne Imke van der Leest ús side wat folgen bliuwe tidens harren reis fan trije moannen nei Yndonesie, Australie en Nij Seelân. It is ek mooglik om harren te folgen. Dat kin op
dizze side. En wat ús oangiet Imke, eksuses foar it brûken fan it Frysk binne net nedich.

Stienkoal Ingelsk (5)
Mei tank oan Keimpe Meijer en Jan-Simon Jelsma!
1. I keep you in the holes
2. I’m sitting in the middle of my lunch.
3. It’s raining Blowjobsteals.
4. The Toilets are hidden.
5. Sick, what have you under the members then.

Is jim stienkoal Ingelsk ek sa goed?
 Mail it nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby(1366)
Barcelona ferlear dit wykein fan de keeper fan Celta de Vigo: