Ut en ferslaggen 1-11

Seleksjes 1-11
30 oktober 2014
Weppers snein 2-11
1 november 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen e-n skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

       
09:00 SDS D2 Oosterlittens D3  9-1
09:00 SDS E1 LSC 1890 E3  8-2
09:00 SDS E5 SWZ Boso Sneek E7  4-5
10:15 Minileague Minileague  
10:15 SDS F2 Oosterlittens F2G  10-0
10:30 SDS B1 Workum B1  3-1
11:15 SDS C2 Blauw Wit ’34 C7  3-6
12:30 SDS VR1 Scharnegoutum VR1  3-1
12:45 SDS MD1 Blauw Wit ’34 MD1  9-0
14:30 SDS 5 Zeerobben 5  1-4
15:00 SDS VR2 DTD VR1  3-6
08:45 LSC 1890 C2 SDS C1  3-1
09:00 AVC E1 SDS E2  3-4
09:00 Workum E4 SDS E4  6-3
09:00 Jacob St. F1G SDS F1  0-14
10:00 fc Harlingen D1 SDS D1  1-3
10:00 Balk E3 SDS E3  4-3
10:30 Heerenveen D8 SDS D3  4-1
13:30 RES B2 SDS B2  
14:30 Minnertsga 2 SDS 2  2-2
14:30 Leovardia 6 SDS 4  1-3
14:45 SC Bolsward 1 SDS 1  0-3
15:00 Makkum A1 SDS A1  5-1

sc Bolsward 1 – SDS 1        0-3
It slagge de bettere ploech om it kwaliteitsferskil yn doelpunten út te drukken. Dat duorre wol oan de twadde ta. Want yn diel 1 wie der wat fuotbal leuk makket (kânsen) net folle te belibjen. SDS hie it better fersoarge spul mar koe de spitsen  net yn doelripe posysje krije. sc Bolsward wist Jaap op in inkele kâns nei ek net ûngerêst te meitsjen.
De efterhoede fan SDS mei Harm, Ewout, Feiko en Jacob Klaas makke alles wat op in oanfal like bij sc Bolsward derút en it middenfjild fan SDS krige sa in soad balbesit.
Nei it skoft kaam de opliuchting oan SDS side. Nei in oantal mindere wedstriden wie it dochs wol tiid om de punten te pakken. Earst wie it Jelmer Poshumus dy fanôf râne strafskopgebiet kreas oer de keeper hinne  skeat. It twadde doelpunt like fan Feiko Broersma te kommen. Hij waard swier op de hûd sitten mar koe de bal rjochting doelline krije. Feiko seach it sels net, want hij lei “yn kreukels” mar Hendrik de Jong skoarde.
sc Bolsward krige noch ien grutte kâns yn in fase dat it like op in slotoffensyf. Jaap râde en oan de oare kant makke Hendrik de minút 90 mei in kopbal de trije fol.
Yn de twadde helte ferleaten Feiko en Jelmer it fjild blesseard en waard ek Wytze wiksele.
Skelte, Sjoerd en Willem wiene de ynfallers.
(ah)

Hjoed Minnertsgea 2 ut
SDS 2 sit wat yn de lytse lûche, de hoeke dêr’t de klappen falle.
It fuotbal is net gek, mar in protte punten hat it oant no ta net oplevere.
Minnertsgea is neffens de tradysje in ploech dy’t mei de mouwen omheech de beuk der yn goait en dat wie hjoed net oars.
Yn de earste helte koenen we aardich mei balje, mar fierder as de râne fan harren 16 meter gebied binne we net west, wylst Minnertsgea ek net in protte kânsen krige, mar al 2 goals wist te meitsjen.
Dan sitte je yn de rêst net mei in gerêst hert oan’e the, mar nei de peptalk fan lieder Jeroen en it foarnimmen om fiif meter fierder foarut druk te setten, stapten we toch wer mei de boarst nei foaren it keunstgêrsfjild op.
It plan slagge, we waarden de boppelizzende party en kamen troch goals fan Pieter Kamstra (utblinker) en Gerrit Flisijn op likense hichte. En net tsjinsteande dat Minnertsgea (nûmer 2 fan’e ranglist) noch in oantal kânskes krige, hie der miskien noch wol mear yn sitten.
2-2; in winstpunt en opstekker. Forza SDS2!

SIMPELE OVERWINNING SDS-4 BIJ LEOVARDIA
Afgelopen zaterdag mocht SDS-4 na 3 weken rust eindelijk weer eens voetballen.
In Leeuwarden wachtte fusieclub Leovardia-6 ons op.
Het wachten duurde wat langer dan gepland want onze leider Harm-Auke kwam er in Mantgum achter dat
de ballen en de shirts nog bij het hek in Easterein stonden.
Terugrijden was dus de enige optie, de spelers die bij Hampie inzaten stapten over in de borrelbus bij Auke Buck en Hampie scheurde
terug.
Na 5 telefoontjes werd Hampie naar de voetbalvelden gegidst en zo konden we om 14.45 aftrappen
We speelden op een oud en versleten kunstgrasveld, was al 10 jaar oud, zodat de ballen alle kanten opsprongen en wegrolden.
De thuisclub voetbalde wat gemakkelijker, maar ja wat wil je met zo,n veld het was duidelijk dat zij hier op gewend zijn te spelen, maar echte kansen kregen ze niet.
De beste mogelijkheid was voor Auke Buck, hij kreeg een niet te missen kans om de bal in te koppen maar werd helaas verblind door de zon.
Na 20 minuten was het wel raak, Auke kopte een vrije trap van Wicky perfect tegen de touwen, helaas keurde de scheids deze af vanwege buitenspel wat het duidelijk niet was. Peter kreeg ook nog een enorme kans na een perfecte uittrap van Gert-Jan, helaas stiftte hij de bal net over. Pal voor de thee kwamen we dan toch op voorsprong. Jan–Simon blokte de bal en met enig fortuin plofte de bal voor de voeten van Wichard die Peter diep stuurde en na een heerlijke actie zette Peter broertje Robert vrij voor de keeper, in 2e instantie kon Robert de doelman passeren en beheerst de 0-1 op het bord zeten.
Compliment aan de gehele ploeg dat er in de gehele eerste helft niets werd weggegeven en het onderlinge acceptatie vermogen een 10+ was
Na de thee hetzelfde spelbeeld, alleen kwamen wij meer en meer in balbezit en tikten we de tegenstander helemaal weg.
Het enige wat er ontbrak was doelpunten, en daardoor bleef het oppassen. Na 25 minuten verdubbelden we dan eindelijk de voorsprong, Jan stuurde Wichard diep, die dolde op de achterlijn 2 man en zijn vorzet werd door Peter magistraal met de hak achterwaarts
tegen de touwen geprikt 0-2.
De sterk spelende Jeroen Wagenaar miste net de precisie om een zelf opgezette aanval met een wonderschone volley afteronden, de bal ging buitenkant paal langs en zelfs de scheidsrechter riep oei, zo mooi vond hij de actie.
10 minuten voor het einde werd de wedstrijd beslist, Robert snelde van eigen helft richting het vijandelijke doel en paste op het juiste moment af op de meegelopen Wicky die beheerst de bal in het dak van de goal schoot 0-3. Wij geloofden het verder wel en de thuisclub kon ook niets meer uitrichten. Het werd nog 1-3 na een overtreding waar niet voor werd gefloten zodat de thuisclub de eer nog kon redden.
Het mooiste werd voor het einde van de wedstrijd bewaard, Peter moest van het veld af nadat hij GRAPJAS tegen de scheids had geroepen, en toen Robert en Jan-Simon daarna alleen op de doelman afgingen, Robert de bal breed gaf en Jan-Simon de bal in het lege doel wilde schuiven besloot de scheids te fluiten voor een penalty ???
Jan-Simon riep heee en kon ook vertrekken voor commentaar op de leiding ?????
Met 9 man, een penalty en nog 2 minuten te spelen moest de eindstand wel 1-4 worden.
Helaas, onze vaste penaltynemer faalde voor de 2e keer achter elkaar en dus bleef het 1-3
Een mooie overwinning behaald door het collectief, iedereen speelde met zeer veel passie en inzet.
Volgende week de topper thuis tegen AVC-3
Groet, 
Wicky

SDS VR1 – Scharnegoutum Vr1     3-1
In soad kânsen. Mei twa doelpunten fan Tjitske Heeres en iens fan Jeska Terpstra in moaie oerwinning. Beide froulju hiene in goeie “warming up” hân bij C1.

SDS VR2 – DTD Vr1    3-6
Doelpunten fan Sieta, Wiebrig Anna en Tjitske

SDS 5 – Zeerobben 5      1-4
De korrespondint fan SDS 5 stjoerde ús in ynsprutsen ferslach. SDS 5 wie net fuotbaljend net minder, mar Zeerobben krige de doelpunten wol wat kado. In brike kopbal, in heal úttraap en in eigen doelpunt fan Arjan Hallema. Dy nimme wij fansels mei yn it TikkieTerugJaap klassemint. Wa’t it doelpunt fan SDS 5 makke hat, is gjin melding fan makke.

Makkum A 1 – SDS A1
De A’s moesten gisteren naar Makkum om daar tegen A1 te voetballen.
In de beker ook tegen deze ploeg gespeeld, 1-3 gewonnen met ” countervoetbal”  en Makkum was toen de betere ploeg.
We wisten dus dat het geen ” makkie”  zou worden, ook al omdat Makkum met de top meedraait in de competitie en een aantal goede overwinningen heeft genoteerd, terwijl wij nog op de eerste overwinning wachten.
De opstelling hier en daar gewijzigd, met het nodige commentaar, maar dat schijnt er tegenwoordig bij te horen.
De eerste 10 minuten gingen redelijk gelijk op, Makkum fysiek wat sterker, iets betere kansjes, maar in de 11e minuut kwamen wij op voorsprong.
Jelle Jan is sterk aan de bal, gaat goed door, geeft af op Pieter S en die maakt rustig 0-1.
Tot aan de 18e min bleef dit zo, al zakte wij toen al door de ondergrens en Makkum begon steeds meer druk te geven.
De trainers hadden al aangegeven dat er te slap getraind werd, en dat vertaald zich dan naar de wedstrijden.
Een perfecte pass door het midden, geen buitenspel, en het wordt simpel 1-1.
Daarna was het op een of andere
manier op bij ons, Makkum kon vrij uit voetballen, communicatie bij ons onderling zakt ver weg, de tweede bal was telkens naar de tegenstander, over 5 meter inspelen gaat niet meer goed, kortom, Makkum liep uit naar 5-1 en dat was niet eens geflatteerd.
Tot overmaat van ramp viel Lourens nog uit met een, op het oog, onschuldige blessure, maar dat is helaas niet waar.
Waarschijnlijk een aantal weken uitgeschakeld, en dat kunnen we nu net niet gebruiken. Vanaf hier beterschap Lourens.
Volgende week nieuwe kansen, thuis om half 11, tegen St Annaparochie.
Boudewijn.

VV-SDS  B1 –  VV-Workum B1
Vandaag op een zonnige zaterdag morgen stond de B1 weer klaar om er een mooi potje van te maken.  Met prachtig weer en het genot van de nieuwe inloopshirtjes kon het vandaag eigenlijk niet misgaan. De eerste 20 minuten begonnen we sterk doormiddel van goed positiespel. Door een goeie pass van Inne kon Wesley de 1-0 binnen schieten.  Na de 1-0 zakten we wat in en begonnen we de scherpte wat te verliezen. In de tweede helft gingen we verder met het goede spel en  knalde Habtamu de 2-0 binnen uit een Corner. En toen eenmaal de 3-0 werd binnengetikt na een uitstekende counter na goed werk van Yward waardoor Habtamu weer scoorde was het beslist. Workum kon nog wel een keer scoren maar het leverde niks op. Einde wedstrijd en een prima overwinning. Uitslag 3-1.
Watze Jacob van der Wal

FC Harlingen D1  –  SDS D1:  1  –  3
Foar SDS D1 wie it sneon miskien wol ien fan de belangrykste wedstryd fan dizze kompetysje. Yn Harns tsjin FC Harlingen. FC Harlingen is tsjinwurdich in kombinaasje fan vv Harlingen en Robur. Dizze mannen stiene op it twadde plakje mei twa punten minder as ús. By winst koene we dus hiele goeie saken dwaan foar it kampioenskip. Mar it earste kwartier wiene de mannen fan SDS net goed by les. Harlingen wie net in hiel goed fuotbaljende ploeg, mar by hun siet der wol striid yn en se fochten foar eltse meter. Hjirtroch ferlearen wy hast alle duels en kamen we sels net oan it fuotbaljen ta. Harlingen kaam dan ek fertsjinne op foarsprong, nei in lyts flaterke fan Jeffrey.  Nei in dûbele wiksel healwei de earste helte, kamen we better yn ‘e wedstryd. Efterien stie it no goed en op it middenfjild wiene it mei nammen Luka en Tjitse die de boel op sleeptou namen.  Hjirtroch begongen de oare jongens ek better te fuotbaljen en foar rêst waard de gelykmakker skoard troch Stan.  De twadde helte bleauwde SDS de better ploeg. We kamen op foarsprong troch Anco, nei in fantastisch stekbaltsje fan Luka. De skiedsrjochter út Harns, die de earste helte prima fluitte, bakte der yn ‘e twadde helte neat mear fan.  Hy kriig doe yn ‘e gaten dat FC Harlingen it hjir net winne koe. Oan ‘e kant koene wy wol gek wurde om te sjen hoe in skiedrjochter der alles oan docht om de thúsploech nog skoare te litten. Omdat hy no alles yn it foardiel fan FC Harlingen fluitte, hat Ferry sels noch oanbean om syn bril oan him út te lienen, no dat krije je net sa gau foar elkoar.  Mar de jongens yn it fjild bleauwden rêstich en diene wat se no dwaan moasten, de alles beslissende 1 – 3 meitsje. Dizze waard makke troch Stan. Hjirmei wie de wedstryd spyle, al krygen we noch trye 100% kansen. In grut kompliment oan de jongens fan D1;  Wer trye punten derbei en we komme no yn totaal op 19 punten ut 7 wedstryden.   Nye wike wer winne, we spylje dan thús tsjin Terschelling !!!
Theo.

AVC E1 – SDS E2
Hjoed tsjin de  koploper, waard in dreeche pot, mannen hiene 5 wedstriiden 15 punten, en 7 goals tsjin. No ha we foariche wike sjen litten dat we dochs ek wol skoare kinne. Us slutpost Tjalle Durk wie der net, dus we moasten al wat om sette efteryn, mei Niels en Sjirk as ienige ferdedigers. Redmer, Tsjerk en Sije op it midden en yn de spits wisselend Thomas Oane en Jelmer. Op’e goal yn’e earste helte Tiemen. Oant safier de opstelling, strijd plan wie de boppe op en kombineare sa as de ofrune wiken. Dit gie direct best en levere al kansen op foar Redmer, Jelmer en Thomas Oane. Uteinlik dochs in goede bal foar fan Sije en Redmer dy’t de bal yn tikke, 1-0. We spylje op keunstgers en demei wie AVC wol yn it foardiel, mar SDS die net under. Hjir is trainingsarbeid sichtber! Troch in wissel en net goed opstelt stean fan middenfjild, kaam AVC in bytsje gelokkich op 1-1. SDS wie net ferslein en gie troch mei de missie en op syk mei de 1-2. Dit slagge uteinlik wêr Redmer! Dit wie ek de reststan. Mei de rest in fanatieker AVC dy’t sterk UT de box kaam. De 2-2 lei op de loer mar it wie SDS dy’t de 1-3 oantekene, dit kear wie it Tsjerk! Jelmer stiekem de 2e helte op goal en die dit best! Tiemen op de midden, mar dizze sakke wat te fier nei achteren sadat AVC hieltyd tichterbij bij de goal fan SDS kaam. De beste man fan AVC knalde de 2-3 yn’e touwen, net te halden foar us keeper. De druk hâld oan fan AVC mar troch dat sij alles foaryn hiene krige SDS romte en der wisten we wol rie mei, Redmer 2-4, troch mei spul mei Niels, Tiemen, Sije. Dernei waard it toch noch spannend want AVC makke de 3-4, en Tsjerk foel ut mei in bloednoas en dernei noch in bal yn it gesicht foar Sjirk. Mar we halden de saak oerein en de oerwinning wie foar SDS!! Prachtiche pot mei goed fuotbal fan de hearen. De stijgende lijn is der we kinne no wêr nei boppen sjen! 
FV

SDS E5 – SWZ E7 (4-5) 
De kompetiesje sit frjemd yn elkoar. Vorige wike waarden wy nog dik ynmakke troch in “middenmoter”. Hjoed spielen wy tsjin de koprinner en wiene wy fierwei de bêste. Fanôf de earste minuut wiene wy sterk en spieljen “slim” oer, wertroch wie faak oan de bal wiene. It fuotbal spiele sich foarnamelik op de helte fan SWZ ôf. De spilers fan SWZ seine sels yn it fjild al: “Goh, dezen zijn wel sterk”. Ja, sterk wiene wy seker. Mar krekt as sa faak waarden de prachtig opsetten kânsen fanôf it middenfjild net benutten. D’r hiene de earste tsien minuten al seker 1 of 2 goals ien moatten. Mar ja, dat wie net sa. SWZ kaam betiiden ek gefaarlik út, mar ús keeper stie goed te keepen en wist de bal oan’t no ta goed út de goal te hâlden. Toch koe hy net foarkomme dat SWZ foar de rêst trije kear skoorde. Wy hiene ús kânsen net benutten en SWZ wol. Dus giene wy mei 0-3 efterstân de rêst ien. Toch hie ik wol in goed gefoel oer de wedstriid. De twadde helte kaam d’r ien spiler minder út de klaaibox fan SWZ. Hy wie bliekber boas of sa en woe net mear spielje. Dus moasten wy 7 tsjin 7 spielje. Baale, want no hie ik wer trije spilers op wiksel stean en dat is tefolle. Wy kaamen mei 0-4 achter te stean en ondanks it goede fuotbal lukte it ús mar net om te skooren. Nei in minuut as fiif kaam toch hun achtste spiler wer út de box en koene wy wer 8 tsjin 8 fjierder. Nei in prachtige opbouw fan Pieter fanôf achter pikte Ruben de bal in bytsje sneu foar Pieter syn fuorten wei en skoorde. Net echt netsjes, mar hy skoorde wol. It spul waard pittiger en d’r waard echt hurd wurke om balbezit te hâlden en steeds waard de romte opsocht en de frije minsken waarden goed oanspiele. Ut in frije trap net fier fan de goal skoorde Milan hiel goed en it waard, oanmoedige troch it publyk, steeds moaier en feller. Prachtige opbouwend spul reslutearden yn gefaarlike situaasjes foar de goal fan SWZ. Toch woe hieltiid die lêste grutte tean net tsjin de bal om de bal ien it net te krijen. Mar wy bliuwden d’r yn lieuwen en oanmoedige troch it publyk kaam Tobias ticht by de goal mar wist dat d’r yn in moeilike hoeke stie. Hy passte de bal behearst werom op Milan, dy’t de bal op de slof naam wertroch sawol de bal as syn skuon fan syn fuot spatte. De skuon belâne yn it publyk en de bal yn it net. 4-3. Mar ek SWZ pakte wer syn kâns en troch in net sa goed ferdiedigjen rekke de bal in bytsje sneu yn ús goal. Hjir koe ús keeper neat oan dwaan. Flak foar tiid makken wy nog de 4-5 en mei nog in minuut op de klok wie d’r by SWZ paniek alom en ik tink dat sawat it hiele team fan SWZ ien hun goal stie. D’r wie echt net in lyts gatsje om de bal troch de tikjen. Krekt net de gelykmakker meitsje kinnen, jammer! De coach fan SWZ hie, sa’t ‘r sel sei, de billen de twadde helte by elkoar. Toch hat SWZ (net fertsjinne) fan ús wûn. Mar dat ha wy oan ús sels te danken. Oan it spul en de ynset lei it absoluut net. It benutten fan de kânsen, dat moat better. Dêr sille wy de kommende tiid oan wurkje. Hoe dan ek… Ik ha in prachtige wedstriid sjoen en ha, oandanks it ferlies, d’r fan genoten. 
Herman