De kompetysje yndieling fan SDS 1 wie al bekend, it programma no ek. SDS 1 begjint op 22 septimber mei in útwedstriid yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen 1. It folsleine programma kinne jim hjir sjen.
SDS 1 spilet syn thúswedstriden dit seizoen wer om 14.30 oere. Dêr sille wer hiel wat supporters bliid om wêze. Fan de útwedstriden binne Workum en Heerenveense Boys noch wol om 15.00 oere.
Juster wie de earste oefenwedstriid fan SDS 2. It waard tsjin leeuwarder Zwaluwen 2, dy’t in klasse heger spylje in 0-1 nederlaach. De measte kânsen wiene ek foar de Ljouwerter ploech (foaral it lêste kertier) mar op ien doelpoging moast doelman Marten Faber it antwurd skuldich bliuwe.
Nije wike sneon spilet SDS 1 in oefenwedstriid tsjin VVI 1. Oan in wedstriid tsjin dy ploech hat Geert Hiemstra (en Jan de Boer ek) goeie herinneringen. Want yn it seizoen 1972-1973 skoarde Geert trije kear en joech Jan trije kear de helpbal. Wij tinke dat Age de Boer Adde (AK) de Boer fan Spannum is.