Weppers snein 18-5

Ut- en ferslaggen 17-5
16 mei 2014
Weppers moandei 19-5
18 mei 2014

Oprop
Yn it programmaboekje fan de lêste wedstryd fan SDS 1 fan it seizoen stie foarige wike in oprop:
Foar SDS doch ik noch in oprop om moandeitejûn 19 maaie wer nei it gemeentehûs te kommen. Dan sil it kuenstgersfjild wer ter sprake komme. Dus SDS lit jim heare!

Fan herte lokwinske!
Ús lokwinsken geane út nei Boudewijn Kramer en Tsjipke Okkema dy ’t beide slagge binne foar Oefenmeester 3! Sjappo!

De helte fan it bewiis.

Frijwilligersjûn
Sneon 24 maaie de SDS-frijwilligersjûn. Jim kinne jim hjir noch altiten opjaan.

Mr. Minileague

Arnout Meijer fluite sneon wer in best potsje. Ek wie hij wer oanwezich by de minileague. Arnout is it hiele jier belutsen west bij de minileague en hat sûnt koart ek syn skiedsrjochter diploma foar pupillen behelle. Dus fluitsje en minileague. Wij as SDS ha der mar in besten oan. Betankt Arnout foar dyn ynset dit jier! (m.t.o.Friso)

Twa nije pupillen skiedsrjochters

Kees vd Horst en Luuk vd Schaar fluitsjen nei it beheljen fan hun pupillen skiedsrjochters diploma hjoed foar it earst in kompetysje wedstryd. Kommentaar fan tsjinstander Easterlitten wie; ‘Wat bin se jong, maar fluitsje kinne se’. En bij dat leste sluite wij us bij oan. Betankt Kees en Luuk, en folgjend jier fjirder mei it fluitsjen. (m.t.o. Friso) 

Moaie skiedsrjochter of net?

Bin jo sneon op de skoalleseize west? Ot jo net binne west, dan hawwe jo in moai plaatsje mist. Want de skiedsrjochter fan de D4 stie de mar kreas op. Gelokkich hawwe wij noch plaatsje sketten. (m.t.o.Friso)

SDS 1

SDS 1 hat it seizoen juster ôfsletten mei in boattripke nei Boazum en in bierke en in barbekjoe by Germ Stenekes yn de tún. Wij ha begrepen dat dit
de grutte hit wie justerjûn wat letter.

SDS 2 en 3

SDS 2 en 3 hawwe it seizoen juster ôfsletten mei in itentsje en in bowlingpartijtsje yn de Stolp yn Snits. Wij ha gjin idee wat de grutte hit wie justerjûn wat letter.

SDS 5

SDS 5 hat it seizoen juster ôfsletten mei in oerwinning, in barbekjoe, wat bier en wat muzyk. Wij ha begrepen dat dit
de grutte hit wie justerjûn wat letter.

De skyboks
De begelieders fan E2 hiene juster yn Toppenhuzen in topplakje om de wedstriid te folgen.
Sa stiene sij te sjen en dit en dit seagen sij. E2 wie dit jier iets te sweir yndield en helaas ferlearen se hjir ek.

Klasse 3A
Juster wiene de earste wedstriden foar promoasje nei de twadde klasse.   Minnertsgea wûn, Nijlân spile gelyk en Workum(mei broer Jan ynstee fan Marco Vlap op de bank) ferlear.

Klasse 3A sneins
Hjoed is de earste derby tusken Littens en Dronryp. De iene wol net degradeare (Dronrijp) en de oare wol promoveare (Oosterlittens). Fannemiddei om 14.00 oere yn Littens mei û.o Tjalling Sikma bij Dronryp.

Klasse 4A
Marco Hoekstra spile juster yn de neikompetysje mei VV Scharnegoutum 1 út tsjin VV Drogeham. Sy ferlearen mei 1-0.

Harsens derby(1276)
Barcelona kocht der juster neat foar, mar makke wol de moaiste goal fan dit seizoen: