Thúsprogramma troch de wike
Di. | 20-mei | 19:00 | SDS B1 – Sparta’59 B1 |
Wo. | 21-mei | 19:00 | SDS VR1 – SC Berlikum VR2 |
Wo. | 21-mei | 19:30 | SDS MC1 – L. Zwaluwen MC1 |
Do. | 22-mei | 19:00 | SDS A1 – GAVC A2 |
Utprogramma troch de wike
Allinne C2 moat woansdeitejûn los. Sij nimme it op tsjin C1G fan Tzum.
Gjin trainen
B1 hat jûn gjin trainen, y f m. de wedstriid tiisdei.
Opereard
Jappie Wijnia moast opereard wurde oan syn meniskus. Dit koe net yn maaie, paste net yn juny, july en augustus en moast dan mar barre yn septimber. Jappie wie dan ek sa bliid as in protter dat der ferline wike dochs noch in plakje wie op de operaasjekeamer en is ynmiddels opereard. Wy winskje him betterskip.
SDS F1
SDS F1 kin net mear kampioen wurde, mar hat it dit seizoen fansels super dien. Foar it wedstrydferslach fan ôfrûne sneon kinne je hjir klikke.
SDS-WK-Pool
Ek by SDS sille wy ynkoarten komme mei in SDS-WK-Pool. Wy moatte noch efkes sjen nei welke fariant ús foarkar út giet. As jim tips hawwe dan meie jim dy wol maile nei info@vv-sds.nl.
Tredde klasser
It liket er op dat de oare klup yn ús gemeente ek tredde klasser wurdt. Justermiddei wûnen se mei 3-0 fan Dronryp yn de earste konfrontaasje. Mei oare wurden de eks SDS-ers Theunis en Tsjeard wûnen fan eks SDS-er Tjalling.
Rose
Wij fine it in prachtige kleur yn de Giro. Wij sjogge Pieter Weening der graach yn fytsen. Mar it docht ús sear oan de eagen bij it fuotbal: rose sokken.
Freedtejûn seagen wij dit bij it Efkes Baljen. En dan dy skuon derbij. Nee, wij neame gjin nammen. (m.t.o. Bertus).
Harsens derby(1277)
Wa hat as lyts jonkje net ea sa ’n kopgoal makke? Mar ja, doe telden se noch foar twa.
Letter mear!