Ut- en ferslaggen 17-5

Seleksjes sneon 17-5
15 mei 2014
Weppers snein 18-5
17 mei 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 
0515-331700.
 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

09:00 SDS D4 – L. Zwaluwen D4 2-4
09:00 SDS E4 – Oosterlittens E3
09:00 SDS E1 – Bolsward E2
10:10 SDS F2 – Workum F4 0-7
10:10 SDS F4 – Bolsward F7 5-1
10:30 MINI LEAGUE F Pupillen  
11:45 SDS C1 – Nijland C1 0-7
13:45 SDS 3 – Heeg 2 4-2
11:15 SDS D1 – Blauw Wit ’34 D3
09:00 Franeker SC D3 – SDS D2  0-0
09:00 Heeg F2 – SDS F3G  5-0
09:55 Makkum F1 – SDS F1  4-3
10:00 TOP’63 E1 – SDS E2  8-2
10:30 Kootstertille MC1 – SDS MC1  g.n.t
10:45 LSC 1890 E10 – SDS E3 3-2
11:00 Beetgum B1 – SDS B1 2-8
12:30 ST Dronrijp A2 – SDS A2 5-2
14:30 TOP’63 3 – SDS 4 6-2
14:30 Heeg 3 – SDS 5 0-4
     

SDS 35+ wint KNVB-toernoai yn Ljouwert
De 35plussers fan SDS hawwe
juster it KNVB-toernoai yn Ljouwert wûn. Sy gienen as earste troch yn de poule nei mei 3-0 wûn te hawwen fan WWS, mei 3-0 fan Leovardia 1 en mei 5-1 fan SC Stiens. Yn de krúsfinales wûnen sy yn de lêste minút troch in goal fan Jan-Simon fan Foarút 35+. Yn de finale mochten sy ferfolgens op ‘e nij oantrede tsjin Leovardia 1. Dit gie no wat dreger as yn de poulewedstryd. Krekt foar tiid makke Feite de 1-0 en like de wedstryd dien. Dochs makke Leovardia krekt foar tiid 1-1 en moasten der penaltys naam wurde. Marco Hoekstra waard úteinlik de held troch trije penaltys te keren.
Marco, Harm, Feite, Anne, Jan-Simon, Robert en Willem meie no op freed 23 maaie nei Assen om dêr mei te dwaan om it Noordelijke Kampioenskip. Wa ’t dat wint mei sneon 14 juny nei Zeist foar de landelijke finales.

Kootstertille MC 1 – SDS MC1
It sil wol wer in misbegryp wêze, mar it is wol ferskriklik bale. Ride je as SDS MC 1 nei Kootstertille en dan giet it net troch…..”Niet ballen maar balen” wie dat ek it twiitberjocht.

SDS 3 – Heeg 2       4-2
De lêste thúswedstriid mei doelpunten fan Anne, Jan, Pieter en Jurjen.

TOP ’63 3 – SDS 4 6-2
SDS 4 gie ûnderút, mar skoorde wol twa kear. Arjen en Arjan makken de goals.

Heeg 3 – SDS 5 0-4
SDS 5 wûn sûnder fêste flagger Daan Boersma dy ’t de barbekjoe bewake moast. Wichard, Christiaan(2x) en in Hegemer makken de goals foar SDS.

Beetgum B1 – SDS B1 2-8
De B1 zit nog steeds in de bloedstollende race voor het kampioenschap. Er stond ons vandaag een belangrijke wedstrijd te wachten tegen Beetgum. De trouwe supporters waren weer van de partij en genoten van het zonnetje. Op papier een mindere ploeg maar zeker niet één die onderschat moest worden. Met frisse moed gingen wij na de 0-7 winst op (koploper) Marum en met enkele slaapkopjes van schoolkamp werd de 1e helft ingezet. Maar waar we vorige week alles goed deden ging nu alles mis. Er werd niet voldoende druk gezet over het gehele veld waardoor Beetgum zeer gevaarlijk werd in de omschakeling. Het baltempo lag te laag en de duels werden niet gewonnen. Dit resulteerde in een 2-0 achterstand. We hadden welgeteld twee schoten op goal gehad. Na een donderspeech van coach Remco en enige tactische aanpassingen begonnen we de tweede helft met veel meer inzet en beleving. Met een alles of niets opstelling kwamen wij vroeg in de 2e helft op de 2-2. Er werd overal op het veld goed druk gezet waardoor de spitsen van de tegenstander slecht werden bereikt.  Het baltempo was snel genoeg om Beetgum weg te spelen en de schoten op goal waren verblindend hard en strak. Dit resulteerde uiteindelijk in een 2-8 winst. Doelpuntenmakers:
Gerwin
Wiebe H
Matthijs
Yward
Aankomende dinsdag 19.00 uur spelen we een belangrijke thuis tegen Sparta, die ook nog vol mee doet om het kampioenschap. Komt allen!! 
Johan

Heeg F2 – SDS F3G (5-0)
Al betiid stiene wy fannemoarn klear yn Easterein om nei Heeg te gean. Net eltsenien hie de sliep út fannemoarn. Om 7.45 oere ien Easterein fersamelje? Oh jee! Ik tocht 8.15 oere!! Snel yn ‘e auto en nei Easterein. Oh, moat ik hjoed riide? Shit, hielendal ferjitten. Hindert neat! Gau fuort, op nei Heeg! Om njoggen oere wiene wy nei it gebrûkelike ynspiel ritueel klear om te baljen! No ja, balje? D’r waard mar matig útein setten. Ik wit net precies wat d’r oan ‘e hân wie! De waarmte sil ek wol meispiele ha, mar d’r wie gjin gang yn te krijen. Heeg kriig alle romte om te spieljen en it wie krekt al koe it ús, op in pear nei, net folle skele. Ik tink dat sommigen de kop mear by oare saken hiene. Sa as mei heit op de trekker te kuilen, fannemiddei lekker nei it swimbad en dat soart saken. It wie dan ek alle hens oan dek yn de ferdediging. Mar ek dêr foelen betiiden hiele grutte gatten. Mei 4-0 efterstân giene wie de rust ien.
Mar ris efkes in praatsje mei de spilers like my wol op syn plak. Wy hiene ôfpraten dat wy de twadde helte wat better ús bêst dwaan soene. En inderdaad, d’r waard wer fuotballe en gelyk stie it allegjear folle better te plak. Utbraken fan Heeg waarden al op it middenfjild oanpakt sadat de ferdediging net alles allinich hoechde te dwaan. Soms bruts d’r nog wolris ien fan heeg troch. Mar David, die in prima twadde helte stie te keepen, wist eltse kear wer op it goede momint út te kommen en de bal te pakken. En as hy em dan net hie dan wist de ferdediging de bal nog wol fan de liene de traapjen. Ja, it wie inderdaad in potsje ferdedigjen en echte grutte kânsen ha wie net hân. Soms setten wy nog wolris knap troch mar Heeg hie de ferdediging potticht en soargen d’r betiiden mei hurde hân (fuot) foar dat wy net by hun goal komme koene. Tot trije kear ta waard Milan syn felle trochsetten mei in frij hurde sliding ôfstraft. Lokkich stie d’r in goeie skeids en hie ik in wetterpûde mei wonderwetter by my en koe hy gau wer fjierder. Ja, de twadde helte wie seker better as de earste. It helle nog net it niveau fan foarige wike mar Heeg makke yn de twadde helte nog mar 1 goal en dat seit genoch oer de ynset yn de twadde helte. Folgjende wike de lêste wedstriid. Ik kin d’r dan net by wêze, mar ik kin sizze: Ik ha in prachtig seizoen mei jim belibbe. Gjin gezeur, in fantastiche ynset en in goede sfeer. Set em op folgjende wike. 
Herman

SDS F4 kampioen!!
Hjoed in belangryke wedstiid: thús tsjin Boalsert. En as wy gelyk spylje as winne dan binne we kampioen! De útwedstriid hienen wy wûn mei 6-0 dus wy wienen optimistik. Mar de mantsjes fan Boalsert wienen better wurden en dus kriigen sy ek earst de measte kânsen. Dêr komt by dat de mannen fan SDS ek wat lakoniek wienen om’t wy alle wedstriiden fry makkellik wûn hienen. No moasten wy echt fuotbalje. De rêststân wie dan ek 0-0. Yn de twadde helte gong it al folle better mei F4. D’r waard mear gearwurke en it duorre dan net lang of Yke skoorde de 1-0. Wat in opluchting!! Gau dêrnei skoorde Yke wer. En hoewol Boalsert d’r ek noch wol kânsen kriigen wie it SDS dat wol wist te skoren: Jesper makke de 3-0, Niels Terpstra de 4-0 en Yke de 5-0. Boalsert kriig ek noch in goal om’t Jesper de bal net goed rekke en syn eigen doelman passeerde… No ja it makke net sa folle en it wie tige sprotief fan Jesper! Makket neat wy binne kampioen!!!! Oare wike bin ik d’r net, dan sil Karin it efkes fan my oernimme. Alfêst sukses tawinske! Tsjipke en Christiaan mei help fan Luuk tige tank foar it trainen en alle âlders tige tank foar jimme help en support!!! It koe net better.
In tige bliide coach, Anneke

SC Franeker D3 – SDS D2
Nei it ferlies fan forige wike tsjin koprinner FVC, stie der foar de mannen fan SDS net folle mear op it spul. No ja, it twadde plak dan, mar we hiene sa graach wat oars wollen. De thuswedstryd tsjin Frentsjer wie destiids utdraait op in makkelike 4 – 0 oerwinning. Dus soene je sizze, it moat wol kinne !!! We misten hjoed Ruerd, Stan en fansels Ferry, sy hiene in famylje-utstapke. Omdat Stan der net wie, hiene we Eeltsje yn de spits betocht, ek omdat hy dit tongerdei op trainen hartstikke best die. Mar yn dizze wedstryd kaam dat der net ut. Fanof it begjin wie it net goed fan de kant fan SDS. Net skerp, gjin druk, slechte passes en net de duels oan gean. Frentsjer gie de duels wol oan en dertroch kamen we tsjin dizze hiel matige tsjinstander under druk te stean. Oan it ein fan de earste helte rekke Michael ek noch blesseare oan de knibbel. Dertroch kaam Eeltsje de  twadde helte wer op syn fertrouwde plakje efterien te spyljen. It stie no better en we krigen wer controle oer de wedstryd. Kansen kamer der ek, de grutste wie foar Tjerk, die nei in goed rinnende oanfal de keeper utspyle, mar krekt nest skeat. In pear minuten foar tiid kopte Tjitse, ut in strakke hoekskop van Luka, de bal tsjin de keeper oan. Neffens de mannen fan SDS wie dizze bal efter de line, mar de streng liedende skiedsrjochter tocht der oars oer. Einutslach 0 – 0.
Nei in pear hiele beste wedstryden, wie dit tot no ta de minste. En wer at dat fan komt, sis it mar. Hie it te meitsjen mei it waar of de teloarstelling fan forige wike? Yn goeie dwaan hiene we fan dit Frentjser beslist wun. Mar yn goeie dwaan wiene we seker net, dus wie dit miskien wol de terjochte einutslach. Nye wike de leste wedstryd tsjin Easterlittens. We misse dan Tjerk, mar Stan en Ruerd binne der dan wer gewoan by. Noch ien kear fol gas en it seizoen ofslute mei in oerwinning !!!
    
Theo.

Makkum F1 – SDS F1 Kampioen?
Hjoed wer es in update oer de prestaasjes fan F1. De hearen draaie in prachtich seizoen en doche oan’t ein ta mei oan alle priizen. Fanne wike noch in ynhel wedstriid tsjin NOK dy’t helaas ferlern gie. Dit wie de 2 wedstriid fan dit seizoen welke ferlern gie en de tsjinstanner fan hjoed wie Makkum dy’t noch mar 1 kear ferlern hie, tsjin, ja, SDS! Dus as we hjoed it dochs noch klear krigen dan wie der noch in kans op it Kampioenskip ! We begûnen dan ek best en setten Makkum op it keunstgers, wat doch in bytsje yn ús neidiel is, direct ûnder druk. In pear korners dy’t krekt neist giene in pear skotten op goal, SDS hie it bêste fan it spul. Dochs hiene we moeite om de oanfallers fan Makkum goed te dekken. Faaks mei mear minsken op de bal ôf wertroch Makkum frij foar de goal komme koe. Lokkich stie Jesmer der, dy’t nei blessure no wer keepe koe. Ut einlik dan toch de treffer foar SDS, prachtich ynkopt út in corner, troch Ate. SDS krige fleugels, en sette noch mear druk nei foaren mar de 0-2 woe mar net falle. Makkum kaam efkes under de druk wie en mei in bêst skot op’e goal dy’t net goed blokt waard troch SDS, 1-1. Dit bleauw sa nei de rest ta.
De 2e helte in lytse omsetting mei Jesmer yn’e spits der bij as 3e oanfaller. Wij moasten winne dus mear risco. Gjelt op goal wat best knap gie. SDS krige we in corner en ja der wie de 1-2 foar Redmer W ek mei de kop! Mar Makkum wie net ûnder de yndruk en kaam we mei in best skot yn’e krúsing, en wer net blokt troch SDS, op de 2-2. Makkum mei it thús publiek yn’e rêch rûkte de oerwinning en sette mear druk. SDS naam in soad risico mei in soad minsken foaryn wertroch Makkum yn de oanfal hieltyd in man mear hie. Hjir kaam út einlik ek de 3-2 út. SDS wie wat oanslein en it lange seizoen fan de mannen begjint no ek sichber te wurden. De lucht is op. Nei slordich útgoaien fan Gjelt falt ek de 4-2 noch… SDS prebearet it noch wol en makket dan ek noch de 4-3 mar winst sit der net mear yn. Makkum is de kampioen mei noch 1 wedstriid te spyljen net mear troch ús yn te heljen. We goaie no alles mar op de bekerfinale dei en sparje de krachten fan de mannen dy’t as team fuotballe ha dit jier en echt ek groeit binne dit seizoen. Nije wike noch in thúswedstriid tsjin SWZ, efkes lekker balje en it 2e plak feilich stelle. In dochs grutske coach!
FR