Weppers snein 17-7

Weppers sneon 16-7
16 juli 2011
Weppers moandei 18-7
18 juli 2011

Ferstoarn
Anne Ypma, ien fan de trouste supporters fan SDS yn goeie en mindere tiden is op 15 july ferstoarn.
Ypma wie hast altyd bij SDS 1 te sjen en hij hie stie bekend om syn rûntsjes om it fjild hinne. Roppend nei de spilers en pratend mei oare supporters. Ek syn oanmoedigjen yn dichtfoarm stiet ús bij. 
Ypma dy ’t yn Easterein berne is mar  jierren yn Heech wenne hat is 81 jier wurden.

It sil stil wurde rûn de fjilden

South-Park SDS’ers(14)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei.Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Foeke-Dirk makke foar ús syn heit Douwe-Dirk Reitsma:

Keatskursus
Ek moandeitejûn is der wer in keatskursus foar dummys op Omrop Fryslân Sport. Wij binne benijd at master Habtamu de Hoop de orde noch wat hâlde kin en at de earste boppeslach al te sjen falt.

Yn de prizen
Yn Lollum wiene juster de 1ste klassers aktyf. Wer moai wat SDS-ers op de list en ek no gyngen wij der gewoan fan út dat ien fan harren (of twa) mei de krânse nei hûs gean soene. En ja hear, Dirk Yde Sjaarda en Feiko Broersma kinne de muorre wer wat opfulle. De bruorrestriid fan de Haitsma waard troch Erik wûn.

Pasfoto’s ynlverje
It helpt wol at wij de foto op de foarside der bijsette fan de fuotballers dy’t noch in pasfoto ynleverje moatte. Skelte en Harm Auke melden ús beide dat it klear wie, dus fiterje wij noch in pear oaren oan.

WK
Moarntejûn is der wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels. Mocht it min waar wêze, dan…………………. giet it gewoan troch fansels.

Harsens derby (521)
“Zo! Dy keeper rekket de bal knap beroerd”!