Weppers moandei 18-7

Weppers snein 17-7
16 juli 2011
Weppers tiisdei 19-7
18 juli 2011

South-Park SDS’ers(15)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Bram Strubbe hat foar ús Igor Kalinowski. Dêrûnder kinne jim lyk sjen dat dy aardich slagge is:




Kompetysje-yndielingen?
Noch altiten hat de KNVB allinnich de kompetysje-yndielingen foar de standaardteams en de froulju bekend makke en fierder neat. Wy hoopje se dan dochs dizze wike binnen te krijen.

Teamyndielingen
Ferline wike hawwe wy de nije teamyndielingen krigen. Wy binne al drok dwaande west om se yn de Treffer en op de webside te krijen. Wy hoopje dat dizze wike klear te krijen.

Transfernijs(12)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Vertonghen wol bytekenje wol by Ajax
-Ajax wol wat yn Amoah sjocht
-Feyenoord Hadouir wol wat liket
-AZ Verhoek wol hawwe wol
-Toivonen eins best wol fuort wol by PSV
-Van Persie nei Real Madrid kin
-Lukaku nei Arsenal of Chelsea giet

WK
Jûn is der wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Greidhoek’ festival
Sjoent dat der aardich wat SDS’ers ek gek fan musyk binne wolle wy harren fêst tippe foar it Greidhoek’ festival op 17 septimber op it swimbadterrein yn Wommels. Ien fan ús favorite bands,
Boys Named Sue, komt dêr optreden en wy binne der wis fan dat ek in soad SDS’ers dit wol lije meie. Set it dus mar fêst yn de aginda.

Harsens derby (521)
Yn Eastenryk besjogge se blykber ek de SDS-side. Dizze keeper hat de hiele simmer oefene op frije trapen en yn de earste kompetysjewedstryd docht hy nei 2 minuten dit:



Letter mear!