Weppers snein 17-11

Utslaggen sneon 16-11
15 november 2013
Weppers moandei 18-11
17 november 2013

Pupillen fan de wike

Der binne fan dy pupillen dy hawwe it nei ien helte wol sjoen. Mei twa prachtige doelpunten beide út in frije traap en in assist bij it tredde doelpunt waard Wytze Lanting yn it skoft al ferkeazen ta harren “held”.
Esther van der Eems en Remi Bootsma hawwe der wol goed sicht op, want nei ôfrin krige Wytze ek de blommen foar de titel “man fan de wedstriid”.

Foto’s
Henk Bootsma sjitte juster by SDS 1 – QVC 1 wer alderaardichste plaatsjes.

Út en ferslagen
Alle útslagen en inkelde ferslagen fan juster kinne jim hjir lêze.

Nei it húske
Gewoan efkes nei it húske gean yn it skoft kinne je der as skiedsrjochter net altyd op weagje.
Sa as Tjerk van der Pol dy’t de Vr1 fluite en befrijd wurde moast troch technyske minsken sadat de 22 froulju dy’t al lang klear stiene wer los koene.

Sponser- en freonenjûn
De sponsers en freonen fan SDS hawwe foar kommende freedtejûn in útnoeging krigen foar in noflike sponserjûn. Sprekker sil wêze Maarten de Jong, mister sc Hearrenfean. De sponsers en freonen dy’t harren noch net opjûn hawwe, kinne dat hjoed en moarn noch dwaan mei it briefke wat bij de útnoeging siet of fia
dit emailadres.

Thús komme
De wepmaster sûnder bril makke juster foar SDS 2 yn Kollumersweach tsjin Friese Boys 2 de 4-3. Alderaardichst as je betinke dat hy dizze goal sa ’n 100 meter fanôf syn bertehûs makke.

Harsens derbij (1149)
Miskien de folgende kear in pear bitterballen minder yn de rust: