Weppers moandei 18-11

Weppers snein 17-11
17 november 2013
Vacature hoofdtrainer SDS1
18 november 2013

OFK
De âld-sealfuotballers fan SDS hawwe dreech lotten foar it OFK yn jannewaris yn Frjentsjer. Sa sitte sy ûnder oaren yn by de winners fan ferline jier Wykels/Hallum(fjild), 1e-Klasser Urk en spylje sy wer in derby tsjin it altiten lestige Easterlittens(seal).
De hiele poule sjocht der foar harren sa út:
Wykels/Hallum(fjild)
VV Noordbergum(fjild)
SV Leovardia(sneins, fjild)
Urk(fjild)
Easterlittens(seal)
SDS (âld-seal)

OFK(2)
Ek de froulju fan SDS hawwe net in maklik lot:
MSC(fjild)
Avanti (seal)
VIOD 2 (fjild)
HZVV(seal)
Be Quick Dokkum (fjild)
SDS (fjild)

SDS E2
SDS E2 is kreas yn de trainingspakken setten troch boubedriuw Bootsma út Tirns.


Oefenje
SDS 2 sil tongersdeitejûn út oefenje tsjin Heeg 1.

Keal?

By fytsers is it hiel gewoan om de skonken te skeren, mar by fuotballers is dat just oarsom. Fytsers fine al dat hier mar neat, fuotballers fine “bleate skonken” in gruwel. It grutte neidiel is dat op de massagebank al dat hier allinich mar foar oerlest soarget. It kostet in protte massageoalje, en al die tûften hier soargje dan ek noch foar untstekingen.

No is der al in lichte kentering waar te nimmen. Der binne guon SDS’ers die de muote nimme om harren skonken hielendal keal te skearen.



Harsens derbij (1150)
Somtiden kin de keeper mar better net mei nei foaren. Ek net yn de lêste minút: