Utslaggen sneon 16-11

Weppers freed 15-11
15 november 2013
Weppers snein 17-11
17 november 2013

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff_sds mei fansels ek.

útslach
9:00 SDS D1 – Warga D1 2-5
9:00 SDS E1 – SWZ E2 3-3
9:00 SDS E4 – Woudsend E2 6-1
10:00 SDS F2 – Workum F4 1-5
10:20 SDS B1 – Beetgum B1 9-3
10:50 SDS D3 – Robur/Harlingen D2 1-4
12:00 SDS 4 – TOP’63 3 2-4
12:05 SDS C2 – Warga C1 0-6
13:30 SDS 5 – Heeg 3 4-0
14:30 SDS 1 – QVC 1 4-2
15:15 SDS VR1 – Tzum VR1 2-1
10:10 MINI LEAGUE F Pupillen
9:00 Joure SC D2 – SDS D2 3-2
9:00 SC Berlikum MC1 – SDS MC1 3-2
9:30 Mulier E2 – SDS E3 14-0
10:15 Bolsward E3 – SDS E2 4-2
10:15 SWZ F2 – SDS F1 3-7
10:30 Nijland C1 – SDS C1 5-4
11:15 Nieuweschoot F2 – SDS F3 2-7
12:00 Friesland A1 – SDS A2 9-0
13:00 Friese Boys 2 – SDS 2 5-5
14:30 Heeg 2 – SDS 3 4-1

SDS 1 – QVC 1
It hie nei de wedstriid SDS 1 – QVC 1 gean moatten oer de moaie iepen wedstriid. Oer de libbengrutte kânsen dy’t mist waarden, oer de prachtige reddingen fan de keepers, oer de twa skitterjende doelpunten fan Wytze Lanting, beide út in frije traap, oer de penalty dy’t Dirk Yde Sjaarda no wol binnenskeat, oer Marco Rijpkema dy’t mar wat bliid wie mei syn (1ste) doelpunt yn SDS 1, oer de prima wedstriid fan Sjoerd de Vries en oer de oerwinning dy’t SDS 1 helle.
Mar helaas it gie allinne mar oer de skiedsrjochter. De skiedsrjochter dy’t fan te foaren al irritearre wie omdat de paskes fan QVC net op tiid yn te sjen wiene (omlieding) en dêrtroch de wedstriid in kertier letter begjinne liet, dy’t read joech oan de koach fan QVC, dy’t Marco Rijpkema der útstjoerde nei hands op de doelline, dy’t in QVC spiler der útstjoerde nei dat dy in klap útdield hie, dy’t de wedstriid tydlik stillei en dy’t dêrnei noch in QVC spiler mei in twadde giele kaart fuortstjoerde.
Konkluuzje: it fermaak wie grut foar de objektive taskôger, de tefredenheid bij SDS grut pmdat der wer trije punten bijskreaun wurde koene en de teloarstelling bij QVC omdat sij harren it meast naaid fielden troch de skiedsrjochter. (ah)

Friese Boys 2 – SDS 2 5-5
Yn in knotsgekke wedstryd pakte SDS 2 úteinlik ien punt. Dit hienen der ek trije wêze kind, mar ek like goed hielendal neat. Wêr ’t SDS 2 yn de earste wedstriden fan it seizoen júst sa stabyl en rêstich wie lieten sy juster it tsjinoergestelde sjen. De sliep noch út de eagen wriuwende makke Friese Boys der yn de earste minút al 1-0 fan. Nei ’t Tseard al gau de 1-1 makke soe SDS de tried wer oppakke. Dit koe allinnich pas nei de bal wer út it eigen net te pakken, want yn in poep en in skeet wie it alwer 2-1. Ek nei de 2-2 fan Ayanle moast it oars, mar doe stie it alwer 3-2. Nei de 3-3 fan Hendrik like it wat better. Hielendal doe ’t Willem(mei tank oan Dooitze) ek noch de 4-3 makke krekt foar de rêst. Yn de twadde helte krige SDS kâns op kâns en moast de 5-3(Ayanle) genôch wêze foar 3 punten. Spitich genôch waard it dochs noch 5-5 en moast Jan mei keunst en fleanwurk der noch foar soargje de goal foar de rest skjin te hâlden sadat der dochs noch in puntsje mei koe nei Easterein.

SDS 5- Heeg 3

In goed herstel fan SDS 5 nei it ferlies fan ferline wike. Bij it skoft wie it noch  mar 1-0 mar nei de the gie it better. 4-0 de einstân en de doelpunten wiene fan Robert (2) en Harm Auke (2).

SDS 4 – TOP 3
Doelpunten fan Gerrit Tessemaker en Doede Sijszeling

Efkes Balje
Vanavond gebeurde er iets ongelukkigs. De omstandigheden waren top: lekker fris, veld redelijk bespeelbaar, spelers uit vier dorpen, 7 tegen 7, gelijk opgaand spel, hoewel blauw iets mooier voetbal liet zien dan team Maxima. Opeens een duel tussen Aant en Bonne. Aant, Godfather of Efkes balje, kwam ongelukkig terecht en moest met gekneusde ribben naar huis. Iedereen was er wat af. Team Maxima vocht zich als eerbetoon aan Aant tot een onverdiende overwinning, who cares? Aant sterkte!
Tjerk

SDS Vr 1 – Tzum Vr1
Tzum hie lang net ferlern en it die SDS goed om dêr in ein oan te meitsjen. Doelpunten wiene fan Gerry en Tarina.
“Woman of the match”: Geeske.

SDS B1 – Beetgum B1
Vandaag stond Beetgum B1 op het programma. Wij begonnen matig te spelen. Het rondspelen ging nog niet zoals wij het wouden hebben. Na een kwartier spelen kwamen wij op een 0-1 achterstand. Door de goal van Beetgum werden wij scherper en begonnen wij ook beter te spelen. Daardoor kwamen wij 1-1 gelijk. Daarna bleven we zo spelen en maakten al snel de 2-1, 3-1, 4-1. Daarna begonnen we weer wat onrustig te spelen maar scoorden toch nog de 5-1 en dat was de ruststand. Na de rust begonnen we de eerste paar minuten scherp en scoorden al snel de 6-1. Daarna begonnen we weer slechter te spelen en ging het niet zoals wij het wouden en werd het onrustig in het veld bij ons. Na weer een kwartier spelen kwam Wiebe bij ons in de ploeg en hij scoorde 2 goals voor ons en stond toen 8-1. We speelden nog steeds slecht en hadden steeds vaker bal verlies. Maar alsnog kwamen wij toch nog op een 9-1 voorsprong. Daarna ging het helemaal niet meer goed en kwam Beetgum meer op ons helft te spelen en scoorden in de laatste minuten nog de 9-2 en de 9-3 en dat was de eindstand van deze wedstrijd.
Eindstand: 9-3
Doelpuntenmakers:
Watze Jacob 2 x
Wiebe 2 x
Habtamu 2 x
Gerwin 1 x
Matthijs 1 x
Yward 1 x 
Groeten Yward

Nijland C1 – SDS C1
Na een 3-0 verlies vorige week begonnen we goed na een prachtige goal van Jurjen al gauw scoorden Bjorn,Hâns. In de laatste minuut van de 1e helft scoorde steven. We gingen 4-3 de 2e helft in. We bleven goed spelen maar nijlan scoorde nog 2xen bleek uiteindelijk de sterkste. de uitslag was dan ook 5-4. 
Gr.Jelmer Leistra

SDS D1 – Warga D1
Soms kun je niet meer dan berusten in de uitslag en tevreden zijn over het team, ondanks een nederlaag. De boys van D1 waren een maatje te klein voor Wergea, de terechte herfstkampioen.
Iedereen heeft geknokt voor wat hij waard was. Een sterk begin, waarin we net tekort kwamen om te scoren. Wergea was effectiever en scoorde wel drie keer uit drie kansen.
Tweede helft waren de teams gelijkwaardig, met doelpunten van Wessel en steaming backplayer Dirk. Al met al mooie pot en 2 – 5 verlies. We gaan volgende week strijden voor de derde plek.
Tjerk

Joure D2 – SDS D2:     3    2

De wedstryd fan ofrune sneon tsjin Joure wie tige wichtig. Joure stie mar 1 punt boppe us, by winst koene wy dus boppe hun komme. Mar it like wol at de mannen fan SDS D2 freedtejun allegeare te let op bed gongen wiene. De earste 20 minuten wiene hiel min fan us kant en it stie nei 20 minuten dan ek al 3 – 0 foar Joure !!!!  Dit hiene we noch net meimakke.             Nei de 3 – 0 hiene de mannen yn ‘e gaten dat it sa net koe en dat der in skepke bovenop moast. Der kaam wer striid, it fuotbal waard better en Stan makke noch foar rest mei in moaie uthaal de 3 -1. De twadde helte giene we troch sa at we de earste helte eindige wiene. Healwei de twadde helte makke Ruerd mei in “bekeken” skot de oanslutingstreffer. In puntsje siet d’r dus noch wol yn; it wie dan ek fol op de oanfal. Der kamen kansen, ek grutte kansen, sels allinich op de keeper of, mar de bal woe der net yn. Ek Joure krige noch wat kansen, mar ek die ballen giene der net yn. Einstan 3- 2. Jammergenoch wer 0 punten. Dizze wedstryd ha we ferlern yn de earste 20 minuten. Sa at it no stiet binne we nye wike frij. De wike derop tsjin in ploech ut Boalsert. At we fanof it begin skerp binne, dan moat dit kinne !!!

Theo

SWZ F2 – SDS F1
De stijgende lijn ha we te pakken. De mannen hawwe fêste posities yn it fjild en wolle graach fuotbalje. Op nei Snits, SWZ, op papier wiene dizze mannen te pakken, mar mei ûnderskatting win je net in wedstriid! Us fêste linker spits Redmer Wiersma wie siik en der wie gjin ferfanger dus wiene der 7 man en gjin wissels. We begûnen sterk en stiene nei 2 minuten al 0-1 foar, Jesmer, op it plak van Redmer W. We spylje op it keunstgers, dus de bal rolle hurd en der hiene we moeite mei. It waard al gau 1-1, slordich útferdedige troch SDS. We wiene noch net hielendal wekker en ek al gau foel de 2-1. SWZ wie sterker en spylen ek foaral op de helte fan SDS. Dochs makke Arjen de 2-2, op individuele kwaliteit. SWZ sette troch en makke de 3-2, wer efter. SDS spyle net best de waard net kombineart en te folle mei de bal rûn. We hiene moeite om SWZ bij te hâlden dy’t op it keunstgers makkeliker spyle. Troch Arjen toch wer op 3-3, sa de rest yn. Hjir ha we efkes de saken op in rij setten en SDS gie mei 2 opdrachten it fjild wer yn, 1 oerspylje en 2 trije kear prebearje de bal ôfpakken nij balferlies. Jesmer op’e goal en Jorrit kaam efteryn der bij, Gjelt op linksfoar. De ôfspraken ha holpen, SDS kaam op 7-3, noch 3x Arjen, 2 x in assist fan Sjirk en 1 x in goal fan Redmer. Ek Niels hie de saken efteryn goed yn de oarder, de hiele ploech fuotballe as in trein! SWZ hat net mear skoart de 2e helte, ek mei de penalty fan 8 SWZ’ers hat Jesmer alles út de goal hâlden!!! KLASSE keept!. Op nei nije wike yn Marssum de bekerronde!!
FR 

SDS F3 wint op learzen, euhhhh… op sloffen

In nachtmerrie foar eltse voetballer is dast yn de klaaikeamer de tas iepen dochst en dast, hoe djip ast ek yn de tas sjochst, nergens dyn fuotbalskuon fiene kinst. Dat oerkaam ien fan ús spilers hjoed. En natuerlik krekt ast út spielest. Ik bin nog mei de materialenman fan de útklup  troch de doas mei fermiste klean west. Mar helaas… gjin foutbalskuon foar in F-spiler. Dan mar op keep op learzen. It is net oars! Vv Nieuweschoot stie hjoed op it programma. Op papier in wedstriid dy’t wol te winnen is, mar yn de praktyk kin it samar oars útpakke. De earste helte kamen wy gelyk goed los. Troch in pear moaie passes stie al yn de earste minuten 2-0 foar SDS. Kat in’t bakkie soest sizze.  Wy spielen best wol sterk en hiene in protte kânsen, mar dy waarden mar net benut. Vv Nieuweschoot die dat wol. Dy pear kânsen dy’t sy krigen waarden goed benut. In frije trap fan hun waard dan ek prachtig yn de krúsing pleatst. Sa giene wy mei 2-2 de rêst yn. De twadde helte begong gelyk sterk en al gau makken wy goals. De enthousiaste âlders dy’t mei wiene stelden sich strategisch op rûn it fjild en joegen oanwiizings  oan de spilers. Dat helpt, want fanôf ien plak kinst as coach net alles beroppe. Elts die goed mei en troch goed samenspel waarden der in protte goals makke. Vv Nieuweschoot kaam net mear oan skoaren ta. De ferdediging siet by ús goed ticht en by eltse útbraak fan hun waard de bal fakkundig opswiele en fuortwurke. Sa hie ús keeper de twadde helte dan ek net folle mear te dwaan. In dik fertsjinne 2-8 winst foar SDS F3 wie de einstân. Ien foardiel fan ús keeper fan hjoed…. Hy hoecht hjoed syn foutbalskuon net skjin te meitsjen. Oer twa wike mar
wer derfoar!
Herman