Weppers snein 16 maart

Utslagen en ferslagen 15 maart
14 maart 2008
Weppers moandei 17-3
16 maart 2008

Wikels Hallum 1 – SDS 1(1)
Douwe Reitsma is noch altiten blesseare sadat hij net fluitsje kin sneons. Sa kin der dus moai syn foarsittersrol ferfulle bij útwedstriden. En och at je der dan dochs steane dan kinne je ek wol wat foto’s meitsje. Sjoch
hjir.

Wikels Hallum 1 – SDS 1(2)
Siem Sikma is oars altiten aardich posityf oer SDS 1. Dit kear is wat minder posityf. Lês
hjir syn ferslach.

Gjin wetter, mar ….
SDS B1 gie juster plat op ‘e snút tsjin GAVC. Nei dizze kâlde brûs gjin wetter yn de boks, mar lokkich genôch wol bitterballen. Klik hjir foar it ferslach fan Klaas Pompstra.

Ljipaai
De aaisikers hawwe it der mar wer drok mei. It earste aai fan de fûgelwacht fan Easterein is dan ek fûn. En fansels is dat in
lid fan SDS.

Jierdei
Klaas Pompstra hie sneon syn jierdei. Syn ploech B1 koe him net mei in oerwinning ferrasse. Dêrom gie hij ek mei SDS 2 om te flagjen. En dêr wie Hylke Schrale ek jierdei en dy ploech wist wol wat se sa’n dei dwaan moatte. In klinkende oerwinning foar Hylke en Klaas.

Treppen
De lieding fan SDS 5 tinkt op dit momint nei oer it nimmen fan stappen wat it treprinnen oangiet. Earst waard Eddy de B. op de trep troffen troch in swypslach en sneon fersinde Aant H. him yn it oantal treden en die in te grutte lêste stap: in ferstûke inkel. 

“Nij” lid
Auke Hiemstra hat it wol besjoen mei syn Sabbatical year en lit witte dat hy yn it nije seizoen wer fuotbaljen giet.

Benaud?
Wij mienden freed te witten dat Jacob Plantinga net mei nei Skearnegoutum gie omdat hij benaud wie. Jacob befestigt dit:
Fansels hast it wer by it rjochte ein, ik bin as de dea foar Skearnegoutum. Yn it bysunder foar de hear W.H. te B.,
Dêr komt by, dat by de lytste ynspanning
ik focht yn de knibbel krij, dus ik tink dat ik wer ûnder it mes moat.
Fansels tink ik dat jim winne, want ik ha noch nea fan Skearnegoutum ferlern.
Dus sûnder my moat dat seker lukke. 
In protte sukses tawinske, 
Jacob.