Weppers moandei 17-3

Weppers snein 16 maart
16 maart 2008
Wepperkes tiisdei 18-3
17 maart 2008

Jierdei
In bjusterbaarlike jierdei foar my. Earst de wedstriid mei de B1 tsjin GAVC (1-11). De jonges en Gerrit ha nei de wedstriid moai foar my songen en krigen as tank in skaal mei 50 bitterballen. De wedstriid wie net sa best, mar mei 11 spilers en yn de twadde helte 3 lichte blessueres stienen we der dochs mar wer. De beide Wytses en Broer Jacob hienen ek in blessuer. Twa oare ‘spilers’, Elger en Ronald gienen harren 5e wike fan ôfwêzigens yn. Net traint en ek net wedstriden spile. Klaas de Haan, tank noch foar it skiljen. Oars hienen we wer neat witten. We ha mei Klaas noch besocht in 12e spiler te krijen, mar de C1 hie in wichtige wedstriid en mar 13 man. De A’s hienen ek mar 13. We ha sels in ‘ald-spilers’ skille, mar die moast ek wurkje. Miskien dat hy oare kear mei dwaan kin?Middeis mei SDS 2 op paad. Earst ha Hylke en ik inoar felisitearre en dernei nei Ljouwert. In moaie 0-4 oerwinning en dus trije wichtige punten. Op de Skoalleseize einlik de 5 euro fan de Grutte Klupaskes omsetten yn bitterballen foar SDS 2. En jûns noch efkes yn de sporthal sjen by folleyballen fan dochter en mem. In moaie jierdei hjoed en de besite mar op snein!
Klaas P.

Jacob
Jacob skreau sneon dat hij de lytste ynspanniong focht hat yn de knibbel. Dat begruttet Sipke:
Ik wist net dat Jacob P ek meidie oan it EO programma ” 40 dagen zonder sex” . Bij de lytste ynspanning hat hy al lest fan focht yn e knibbel en dat wol Jacob fansels net. Derom komt hy fansels ek nooit op training en foutballet hy sneons ek net. Ik hoopje dat Jacob (en Sjirkje) gau wer bettere tiden krije.
gr Sipke

Wokke
Efkes yn de herinnering bringe fan de feteranen. Sij sille sneon te wokken. Se moatte om 18.00 bij Jimbar wêze. Dat moat slagje want se moatte om 14.30 oere fuotbalje yn Easterein. In ynhelwedstriid tsjin Aldehaske.

Net fuotbalje
Johan Delfsma wie de ôfrûne wike op fakansje nei Egypte. Hy lit ús witte dat piramides beklimme neat foar him wie, mar fan fuotbaljen kaam ek net folle. Dit boerd stie by in prachtich moai grut (fuotbal)plein………. 

Doelpuntenmakkers
Gearard skoorde net mar in oantal oare spitsen wol. Hoe’t it der foar stiet kinne jim
hjir sjen.

Ferslaggen
Wa de binnenkommen ferslaggen fan dit wykein noch efkes trochsjen wol, kin dat dwaan troch
hjir te sjen. Wol aardich te melden dat it ferslach fan E3 in oere nei de wedstriid al binnen wie. 

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy geane gewoan troch mei ús tassenregistraasjesysteem oan ’t wy se allegear hawwe. Ôfrûne sneon gie it by SDS 2 wer (hast) mis. Sjoerd Rispens tocht dat hy Feite syn tas sjouwe mocht en fergeat syn eigen. Jildert koe syn eigen tas ek net mear fine. In oar hie dizze al foar him meinommen.
Mail je tasnûmer dus nei
info@vv-sds.nl!

EK-poultje
It duorret noch efkes foar it EK begjint mar de earste poultsjes binne der al. Sjoch
hjir.

Penalty(1)
Dizze wike kinne jim hjir ferskeidene filmkes sjen oer penaltys.
Marcus Bent makke ea foar Ipswich de beslissende  penalty. Syn ploegmaten binne troch it dolle en probearje him te knuffeljen…………