Weppers snein 16-10

Sneon 15 oktober
15 oktober 2016
Weppers tiisdei 18-10
18 oktober 2016

SDS 1 ferliest net terjochte

SDS 1 hat sneon ferlern omdat de izeren fuotbalwet wer ris opgie: At jim se net meitsje, meitsje wij se wol. De trainer fan sc Bant sei dit oer de wedstriid.

Pupillen fan de wike

Jort Hiemstra & Sytze Bouma mei SDS 1 spiler Marco Rijpkema

Jort Hiemstra & Sytze Bouma mei SDS 1 spiler Marco Rijpkema

Bij de wedstriden fan SDS 1 binne altiten 2 pupillen. Tidens de wedstriid sitte se earst wat yn de dugout, dan helje se in bal op, dan sitte se wer yn de dugout en op dy wize meitsje se goed kontakt mei de wikselsspilers.

Nei ôfrin meie se op de foto. Se meie sels in spiler útsykje. It komt wol gauris foar dat dat dan in wikselspiler is.

 

 

 

 

 

Betink in ûnderskrift

Noch altiten kinne jim in ûnderskrift betinke bij de foto fan Hendrik de Jong. Sjoch hjir

Meinte Sixmatoernooi

Tradisjoniel is it Meinte Sixma toernooi yn de hjerstfakânsje. Kommende woansdei sil it heve. Om 14.00 oere begjint it.

Mei de bus nei DWP!Afbeeldingsresultaat voor sds bus

Sneon 29 oktober spylje sawol SDS 1 as SDS Vr.1 om 14.30 oere út tsjin DWP. Dat betsjut dat sy mei syn allen yn de bus geane. As jo ek mei wolle, mail dan efkes nei info@vv-sds.nl. It kostet €5,- per persoan.

 

In peukje

sds4-smooktSDS 4 ferlear sneon in doelpuntrike wedstriid. It waard 4-6 (wij krije de doelpuntenmakkers noch graach efkes troch)

Nei ôfrin wurdt de earste teloarstelling ferwurke mei in peukje….

Harsens derby (1774)

Altiten handich sokke taktyske oanwizingen tidens de wedstryd 😉