We krije it mar net foar elkoar om goed en skerp oan in wedstriid te begjinnen. Ofrune sneon wer itselfde ferhaal. Derby wurde der grutte flaters makke, die op dit niveau gelyk ofstraft wurde. Tsja, en dan wurdt it foar de tsjinstander wol hiel makkelik fuotbaljen. Se krye alle romte en witte der wol rie mei. Mei de rest stean we al mei 4 – 0 efter. De twadde helte is der wol wat mear ynset en kinne we uteinlik noch 2x skoare. Derfoar ha we wol in pingel nedich die behearst ynjitten wurd troch Tjitse. De twadde wurd makke troch Luka, in prachtige frye traap yn de krusing. Miskien wol de moaiste goal fan allegeare, mar it is lang net genoch. FVC skoart ek noch twa kear, eindstan 6 – 2. Fier, hiel fier under de maat, dit sil en moat oars. Oankommende sneon kinne we it rjochtsette, thus tjsin GAVC JO15-1.
Theo.
Foar de offisjele iepening noch net klear, mar no wol. It opstapke. Want at it needsaaklik is, hoe komme je oars oer it kreaze, mar wol wat hege stek hinne.
Ôfrûne sneon wie Sytze Bouma mei Jort Hiemstra pupil fan de wike. Doe ’t sneon de bal oer de sydline gie en by Sytze yn de fuotten kaam bleaun hy rêstich mei de bal oan de foet stean. Hy wachte oant de spiler fan Bant by him wie en doe barde it. De Banter soe de bal pakke en doe joech Sytze de bal in lyts tikkie; in panna! Hie it SDS-publyk dochs noch wat te laitsjen 😉
It giet mei SDS 3 wat minder as de foargeande jierren. In klasse heger is krekt wat te folle foar de âldtsjes. Se krije wol gauris in doelpunt tsjin en skoare wat minder. Sneon skoarde Peter Hoogerwerf, in B junior, it ienige doelpunt. Wa’t yn de foargeande wedstriden skoard hat, hawwe wij helaas net trochkrigen. Dus roppe wij Peter mar út ta topskoarder fan SDS 3….
It sportpark wurdt hieltyd mear oanklaaid mei reklamebuorden. Wij hawwe begrepen dat er noch in stik as 10 pleatst wurde moatte.
Sneon 29 oktober spylje sawol SDS 1 as SDS Vr.1 om 14.30 oere út tsjin DWP. Dat betsjut dat sy mei syn allen yn de bus geane. As jo ek mei wolle, mail dan efkes nei info@vv-sds.nl. It kostet €5,- per persoan.
Schwalbe!!