Weppers snein 14-5-2017

SDS JO9-1 kampioen 2e klasse
14 mei 2017
Weppers moandei 15-5
15 mei 2017

Slotdei

Sneon 3 juny geane wy mei syn allen it fuotbalseizoen noch ôfslúten mei in mikstoernoai en in barbecue. Kommende wike mear hjir oer.

Neikompetysjes

De reguliere kompetysjes sitte der op, no is it tiid foar de promoasje/dregadaasjewedstriden. Hoe’t dat er allegear útsjocht op sneon kinne jim hjir sjen.

Pupillen fan de wike


Pupil fan de wike wêze yn de lêste wedstriid fan it seizoen wêrt it tredde klasserskip feilich steld wurde kin. Moaier senario is der net.  Jenno Walstra en Ridzert Veldman wiene de gelokkigen.  Pieter Sytsma koe syn gelok juster ek net op. Lekker fuotballe, moaie passes jûn en útkeazen wurde om op de foto mei de pupillen..

Geert


Wêr’t de measte Feyenoorders wat “bleekjes” wurde en yn de stresse sjitte at je oer ôfrûne snein en kommende hjoed begjinne, is gebrek oan selsbetrouen bij Geert fier fuort. Hij pandere as in wiere kampioen justermiddei it fjild om en sjowde alfêst syn nije sjurt oan de Bunniksite dy’t om Geert hinne te loeren dochs noch wat fan de wedstriid sjen koene …..

Sjouke


Alderwetsk plaatsjes draaie (litte) dat koe justermiddei yn de kantine wêr’t DJ Sjouke de Groot syn twa draaitafels del set hie en kieze koe út syn seigen hûnderten singeltsjes en elpees en út de meibrochte platen fan foaral de jierren 60 -70 leafhawwers.

SDS VR1 en SDS seal

Kommende tiisdeitejûn spylje SDS seal en SDS VR 1 wer in troch de wykse wedstriid. Foar de seal gewoan, foar de VR hast ek, want dit is al de safolste dit seizoen. Beide moatte se út.

Harsens derby (1888)

De moaiste eigen goal ea……..