Weppers snein 12-7

Weppers sneon 11-7
10 juli 2009
Weppers moandei 13-7
13 juli 2009

Gedrachsregels
Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat sy by SDS 1 bepaalde gedrachsregels op papier sette litten hawwe om ’t inkele jonges oars net witte wat sy wol en net dwaan meie. Wy binne benijd hoe ’t dit derút sjocht.

WK
Fansels is der moarntejûn om 19.30 wer in WK op it skopfjild yn Wommels.

Bûtenpost of Berltsum?
SC Heerenveen oefene juster yn Bûtenpost tsjin Olympiakos Pireaus. Nei in
minne pot ferlearen de Feansters mei 1-0. Ljochtpuntsje by Heerenveen fûnen wy Kenny Steppe (en yn mindere mate Paolo Henrique). Wy hoopje dat de SDS’ers yn Berltsum in bettere wedstryd sjoen hawwe. SC Cambuur wûn dêr mei 12-1 fan SC Berlikum, dus dêr wienen yn elts gefal wat mear doelpunten te sjen.

Fakansje
No ’t it hjir wat reinich waar is hawwe sommige SDS’ers dochs mar besletten om nei it bûtenlân op fakansje te gean. Juster binne Eeltsje Postma, Redmer Strikwerda, Jelmer Posthumus en Sytze Hibma op it fleantúch setten. Eeltsje sei fan ‘e wike dat sy nei Gran Canaria geane. Doe ’t wy juster Jelmer útwuifden rôp hy: “Mallorca here we come!”………… Wy as wepmasters hâlde it dan meastentiids mar yn it midden, mar dit soe dan Marokko wurde. Ien ding is wis dat sy sawiesa net folle ontbijt krije(klik hjir).

Ho!
Sa bliid mei in goal en dan ek noch efkes je konkurrint foar de nûmer 14 yn it each prikke:



Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Skylk mear!