Weppers sneon 11-7

Weppers tongersdei 9-7
8 juli 2009
Weppers snein 12-7
11 juli 2009

Seleksjes?
Wy hawwe jim beloofd dizze wike de nije senioare-seleksjes te melden. Wy hawwe se allinnich spitich genôch noch net binnen. Wy hoopje dat sy hjoed of moarn binnen komme.

Noppen & Naaldhakken
De froulju fan SDS binne ynmiddels ek lanlik bekend. Dit lêsde Akke-Rixt Zysling fan ‘e wike yn de “Vrouw & voetbal”.



Fuotbaljen
SDS’ers dy ’t hjoed graach in potsje fuotbaljen sjen wolle hawwe 2 mooglikheden. Of sy geane nei Berltsum om dêr om 19.00 SC Berlikum – SC Cambuur te sjen of sy geane nei Bûtenpost om dêr om 17.00 SC Heerenveen – Olympiakos Pireaus (klik
hjir) te sjen. De echte fanaten geane fansels nei beide wedstriden.

Keatsen
Foar wa ’t hjoed leaver nei it keatsen giet kin terjochte op de fjilden fan de Skoalleseize. Hjoed keatse dêr net allinnich de famkes KNKB, mar ek de Froulju 1e klasse mei 3e
jiers famkes. Stiper fan de krânsen is dêr, de ús wol bekende, Sybren Wassenaar út Winsum.
Op woansdei 22 july sil de Jong-Feintepartij wer plak fine(klik
hjir).

Wa binne dat?
Hjir in foto fan Feyenoord út de tiid dat it noch aardich goed gie mei de klup. Witte jim welke spilers der efter de 4 ballen sitte?(klik hjir).


Atouba
Wy binne wol wiis mei dy 2 nije aankopen fan Ajax. Fansels binne jim dy nije 3e keeper, Jeroen Verhoeven (“pizza!”) wolris tsjinkommen yn in
filmke op dizze side, mar Atouba hawwe jim hjir noch nea sjoen. Nije wike komt dêr feroaring yn. De hiele wike sille jim hjir genietsje kinne fan in pear prachtige filmkes. Dit wurdt noch wat! 

Sepp Blatter?
Wy hawwe net folle mei de foarsitter fan de FIFA, Sepp Blatter. Jim witte wol dy man wêrby it hier pas healwei de skedel begjint(as de wyn goed stiet), dy ’t meastentiids hiele foute dingen seit en keazen is as foarsitter fan de FIFA op basis fan “omkeaperij”. Ja, sanien giet fansels in kear op syn plaat:



Nijs?

Mail it nei info@vv-sds.nl!

Skylk mear!