Weppers moandei 13-7

Weppers snein 12-7
11 juli 2009
Weppers tiisdei 14-7
14 juli 2009

Komkommertiid
It is wat komkommertiid wat SDS-nijs oangiet. Jan de Jong naam dit wol hiel letterlyk en gie lyk op syk nei komkommers. Hy koe se boppeyn de beam net fine:

“Sjoch ik dêr boppeyn de beam in nêst komkommers?”


“Nee, ’t is leech”.

Oanmeldformulier
It docht bliken dat it oanmeldformulier op dizze webside op dit momint net goed wurket. Mochten jim lid wurde wolle fan SDS, mail dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Oerskriuwingen
Allinnich yn KNVB-Noord binne der fan ’t simmer mar leafst 2700 oerskriuwingen west fan fuotballers dy ’t nei in nije klup geane. Hjir kinne jim se allegear besjen.

WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Atouba(1)
Sa ’t wy beloofd hienen kinne jim hjir fan ‘e wike wat filmkes sjen fan Ajax’ nije back, Atouba. Hy komt by HSV wei en hat dêr sjen litten wol yn te wêzen foar in truukje:



Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Skylk mear!