Sneon 10-11-2018

Weppers freed 9-11-2018
9 november 2018
Weppers snein 11-11-2018
11 november 2018

Tusken al it kompetysjegeweld, hawwe wij hoed ien bekerwedstriid. SDS 1 treedt om 14.30 oere op tsjin Waskemeer 1.

09:00 SDS JO17-1 Workum JO17-1 0-4
09:00 SDS JO12-1 Minnertsga JO12-1G 3-4
09:00 SDS JO12-2 Annaparochie St. JO12-2 0-13
09:00 SDS JO8-1 MKV’29 JO8-1 17-0
10:00 SDS JO9-1 Waterpoort Boys JO9-1G
10:35 ST SDS/Nijland JO15-1 Zeerobben JO15-2
11:00 SDS Mini-League
12:00 SDS VR1 GAVC VR1 4-3
12:15 SDS 4 Sleat 3 4-1
14:30 SDS 1 Waskemeer 1 4-1
14:30 SDS 2 VVI 2 0-0
09:00 Scharnegoutum JO11-1 SDS JO11-1 1-8
09:00 Bakhuizen JO11-1 SDS JO11-2 4-6
09:30 Black Boys MO13-1 SDS MO13-1 2-2
10:15 Mulier JO15-1 ST SDS/Nijland JO15-3 13-3
11:30 FVC JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-2 0-5
11:30 Zeerobben JO10-3 SDS JO10-1
12:15 Sleat 2 SDS 3 1-5
12:30 Terschelling JO13-1G SDS JO13-1 g.n.t.
12:30 LSC 1890 MO17-1 SDS MO17-1 4-0
13:00 LSC 1890 JO17-3 SDS JO17-2 3-1
14:15 Oldeholtpade JO19-1 ST SDS/Nijland JO19-1 3-1

SDS 1 bekert fierder

SDS 1 bekert troch nei in goeie oerwinning op Waskemeer 1.  Twa fuotbaljende ploegen joegen yn it earst net folle fuort mar geandewei de earste helte krige SDS in oantal goeie kânsen. It earste doelpunt kaam fan de foet fan Habtamu de Hoop en it twadde doelpunt hiene wij graach oan Pieter Sytsma takend wollen mar it wie in e.d. It doelpunt kaam ta stân nei in moaie oanfal oer rjochts.

Yn de twadde helte makke SDS  gelyk dien wurk. Earst wie it Pieter Sytsma dy’t prachtich úthelle fan bûten de 16 en dêrnei koe sintrale ferdigener Marco Rijpkema ek noch skoare foar SDS.

Doe wiene der 60 minuten spile en kaam der in ein oan it optreden fan de skiedsrjochter. Mei in blessure nei de kant en de fluit gie nei de tafallich hjoed oanwêzige waarnimmer. Nei in koart opûnthâld koe it wer fierder.

SDS krige wol romte mar koe net mear skoare. Waskemeer krige ek twa geweldige sjitkânsen mar Jaap Toering woe de 0 hâlde. Dat slagge krekt net. Mei 4-1 as einstân koe it kolleftyf fan SDS tefreden werom sjen op dizze bekerwedstriid. Utblinker oan de kant fan SDS wie Erik Haitsma. Goed oanspylber hieltyd en tûk yn tsjinst fan it alvetal.

Tiisdeitejûn wurdt er lotte nei de bekerwedstriid Oudehaske 1 – Balk 1

SDS 2 – VVI 2      0-0

It hie samar kind dat de talrike taskôgers it ienige doelpunt fan de wedstriid seagen, want krekt yn de tiid dat it stil lei bij SDS 1 kopte in Losboy skitterjend rekke. Helaas moast de skjiedsrjochter de bal ôfkarre nei flagjen fan de grinsrjochter fan VVI.

Sleat 2 – SDS 3      1-5

SDS 3 wie alderminst ûnder de yndruk fan de waarming up en wedstriid klear meitsjen fan Sleat 2. It fertrouen yn de heechmatich oanwêzige routine wie grut. De beste warming oan SDS  side wie fan Douwe Doede (of oarsom) Koopmans. Dat die fertuten…foar Sleat. In eigen doelpunt soarge foar de 1-0 dus.

Dêrnei pikte SDS 3 it goed op en skoarden se 5 kear. Pieter Kamstra út in strafskop, Robert Sijbesma mei de moaiste en Tjipke Klaas Okkema mei in hattrick

SDS 4 wint wer

SDS 4 moast tsjin Sleat 3 en sij wûnen mei gemak. It waard 4-1 en de doelpunten wiene fan Wietse Vink, Jildert van der Werf en Allert Turksma. Dêrneist skoarde Sleat ek noch in kear yn eigen doel en yn it doel fan SDS. Einstân 4-1.

SDS VR1 – GAVC VR1      4-3

It like sa’n neat oan de hân tuskenstân. 4-1 troch doelpunten fan Jeska Terpstra (3) en Hester Kingma. It waard noch spannend nei de 4-2 en de 4-3.

ST. SDS/Nijland JO15-2: wer 3 punten út Ljouwert!

Hjoed de útwedstriid fan us Jo15-2 tsjin FVC Jo15-3. Een team út de middenmoot.
Troch 3 blessures bij ús, wiene Pieter van der Valk fan Jo13 en Gerbrand Kramer fan Jo17. Jasper en Jelmer wiene mei as supporter.
De start wie yn deselde opstelling as foarige wyke, mei Niels op de linksback. Troch de koarte warming up stiene ús jonges noch net hielendal op skerp yn it fjild. Nei de ôftrap wie it middenfjild foar FVC. Joop en Redmer koene de vleugels mar min berikke en dat leide eerst wol tot wat balferlies. Lokkich Gjin grutte kânsen. Nei in kertier wrotten wie bij elts de hartslag op wedstriid-stand en begûn it wer te rinnen. Der kamen steeds meer mooi stekpassen bij Pieter en Sije. Ek de trije hoekjes wiene der wer. De vleugels Thomas Oane en Olaf kamen sa ek mear yn it spul. Yn de 25e minuut wie de pass op Pieter wer te plak en koe Pieter droech ynsjitte 0-1!
Dat goaltsje jûch fertrouen en de druk waard steeds heger. In hoekskop fan Redmer waard troch Jetse ynkopt, mar op de line keart. De rebound wie foar Thomas Oane: 0-2. In oanfal krekt foar de thee wie wer foar Pieter, 0-3.
De ûndershirts koene yn de rêst wer út. De jonges wiene op temperatuur. Letterlijk mar foaral ek figuurlijk.
De twadde helft wie de druk fan ús goed. FVC kaam der net mear oan te pas en Lennert is yn de goal sûver beklomme. Lokkich hie hij syn ûndershirt oanholden😉.
Nei wat drokte foar de goal wie de keeper fan it plak en naam een spiler it mei de Hannen oer: penalty. ‘Penalty-killer’ Pieter miste net: 0-4. De keeper foel blesseert út.
Yn it lêste kertier kamen der wol 5 grutte kânsen, wer we noch 1 fan makke ha. Einútslag 0-5.
Gerbrand en Pieter vdV bedankt foar jim ynset!
Nije wyke om 10 oere yn Nijlân de thúswedstriid tsjin de mede koprinner Ouwe Syl!
Dat we kinne alle support wer brûke💪🏻.
Oant nije wyke.
Hans, Tsjeard, Jelmer en Gosse.

Groet,
Gosse

17-0


In moaie útslach fan JO8-1: it waard mar leafst 17-0 tsjin MKV’29 JO8-1. Dêr heart in Fortnite-dûnske by!

Toppers winnen streekderby van Scharnegoutum.

Vandaag stond er na de verloren tegen LSC van vorige de streekderby in en tegen Scharnegoutum.
Het was vroeg toen we een ziekmelding kregen van Noor😭 dus moesten de mannelijke toppers het doen vandaag.
Het was vandaag ook gelijk een test hoe we na vorige week en een goede trainings week afgelopen week stonden op het veld.
De supporters bleven maar binnen stromen op veld 2 en hun geloofden in een overwinning.
Het bleek al snel dat de supporters de woorden oeiiiiii, wowww, fantastisch en geweldig zouden gebruiken.
De eerste 20 minuten was het SDS JO 11-1 die het spel maakte en de grootste kansen kregen en benutten met goals van Sibrand , Henk jan , Wiebren en Sander velzen.
De laatste 10 minuten werd het ff iets minder en werd de ruststand 1-4.
2e helft begon zoals we eindigde passen waren iets minder en de afronding kon ook beter.
Maar door een in dribbel van Wiebren ging de afgeslagen bal de goal in en werd het 1-5 dat was een teken dat er meer inzat het werd 1-8 en was deze streekderby prooi voor mijn Toppersssssss.
Natuurlijk zijn er nog verbeter punten maar na vorige week was het gewoon weer ouderwets fantastisch , prachtig en genieten om te zien wat ze toch echt kunnen.
Toppers ik ben super trots op jullie wat jullie de supporters en de trainers/coach hebben laten zien.

Groet de Youtube-trainer.

Efkes Balje

Dizze wike wie ik in pear dagen op Amelân. Novimber is dêr keunstmoanne en at je der wat each foar hawwe dan sjogge je dêr op 40 lokaasjes keunst fan sa’n 100 keunstners. It liket mij tsjintwurdich in keunst om noch orisjinele keunst te meitsjen , ommers hast alles is al útfûn. Dus seagen wij moaie dingen mar bij iets tefolle waarden wij wat synysk.

(De foto mei in keunstwurk, heal draaid sadat it noch mear emoasje krijt……)

In stik as wat latten tsjinelkoar oan mei in stikje izer oan de rjochterside en in priis fan 700 euro. Of in skilderij mei trije strepen, krekt 50 euro goedkeaper. Wat dy twa keunstwurken ferbûn wie it feit dat de keunstners net yn steat wiene om der in titel bij te betinken.
Sa’n keunstners hat mooglik begjin dit jier mei de hannen yn it hier sitten en sliepeleaze nachten hân want se wûnen wol graach mei dwaan dêr op Amelân wêr keunstsinnich en foaral griis en keal Nederlân op ôf komt yn hotels mei slitersprizen.
Dat gefoel, dat je mei de hannen yn it burd sitte en dat je net wat orisjineels witte dat haw ik ek nei de partij Efkes Baljen fan freedtejûn.
Der is echt neat te melden, alles gie geweldich, tige nei it sin doe’t wij ien kear binnen it stek wiene. It is gjin keunst om te skriuwen dat de beste wûn en de dat twads besten twadde waarden. Dat er wer moaie doelpunten wiene mar ek te folle yntikkers.
Dus gjin ferslach dizze kear, útsein dit stikje.
Op in teloarstellend ien nei lêste plak: Remco, Frank, Pieter, Remco, Sipke en Menno
Op in kreas twadde plakje: Harrie, Klaas, Wouter, Kerst, Johan en Aant

Harsens derby (2071)

Noch efkes foar de dúdlikheid! De bern oanmoedigje is prima, mar dit giet te fier! 😉