Weppers snein 1-6

Ferslaggen sneon 31-5
30 mei 2014
Kennismeitsje en tarieding SDS 1
1 juni 2014

B1 net tsjin heiten
SDS B1 is noch ferwikkele yn in kampioensstriid, dêrom giet de wedstriid tsjin de heiten fannewike net troch.

Tongersdei moat SDS B1 de earder troch it waar ôfbrutsen wedstriid útspylje. Thús tsjin Sparta.

3 x Heit
It klinkt allegear sa leuk fuotbalje tsjin de heiten mar it kin der ek op oankomme. Foaral at de jeugd wat âlder wurdt. It hiele jier is hij al dwaande op it Efkes Baljen om dizze en miskien wol nije wike te knallen. Tjerk van der Pol sil trije kear yn aksje komme moatte en ferlieze wol hij net.

Keunstgers te keap
Wylst se op de Keatsebaan mar net takomme oan in goed beslút oer it keunstgers wurdt it op it Aldhiem yn Wommels oanbean foar in skaplik priiske. Sjoch
hjir bij it berjocht fan 27-5.

WK pool
De earste
oanmeldingen foar de WK pool binne er. Jim kinne hjir allegear ynformaasje fine hoe’t jim meidwaan kinne.

A1
Kommende tiisdei om 19.00 oere sil A1 wer los tsjin Heerenveen A3. It is thús dus kom del om de takomst efkes oan te moedigjen en boppedat liket dit de lêste folseine wedstriid fan it seizoen te wêzen.

B1
De kompetysjebal rollet op tongersdeitejûn echt foar it lêst dit seizoen? B1 spilet dan de wedstriid út en dat is mar koart hawwe wij begrepen.

Fuotbal3daagse
Der binne simmers altud mooglikheden foar de bern om in fuotbalkampke mei te pikken. Sa as
dizze yn Snits bijgelykjs