Weppers snein 1-12

Utslaggen 30-11
29 november 2013
Weppers moandei 2-12
1 december 2013

Ferslaggen
Der steane al wer in oantal moiae ferslaggen bij de útslaggen fan juster.
Wij missen noch wol wat (doelpuntenmakkers).

Keepe
Jaap Toering rekke juster blesseard by SDS 1. It is noch net dúdlik hoe slim syn blessure is en as hy nije wike wol wer keepe kin. De keeper fan SDS 2 Jan Stenekes is der yn prinsipe kommend wykein ek net en Sjoerd van Beem geniet noch fan syn “sabbatical”. Wy binne dan ek benijd hoe ’t it sneon komme sil mei de keepers.

Wytze Lanting keepte tsjin Nijland 1 yn de twadde helte.

Foto’s Nijland 1 – SDS 1
Henk Bootsma hat juster wel allegear foto’s makke by de derby Nijland 1 – SDS 1. Jim kinne se hjir fine.

Topskoorder
SDS E3 hat in net al te lokkich seizoen en hie foar sneon 123 goals tsjin en ien foar. Jasper Abma wie dêrmei de topskoorder fan E3. Sûn ’t sneon is hjir feroaring yn kommen. Thiadmer Agricola makke der twa en dat betekent dat hy de nije topskoorder is. De útslagen fan de wedstriden dogge der al moannen net mear ta.

Trui
Foarige wike is der in SDS trui maat S in de tas van de B1 kommen.
Hij blikt fan net ien ut it Team te wezen
Dus wa syn SDS trui kwyt is kin in mailtsje stjoere nei
gidaheerma@ziggo.nl

Grutte klupaksje
Tongersdei 28 novimber had de trekking fan de grutte club aksje west.
Via
www.clubactie.nl of 0900-258 22 28 kinne jimme neisjen at jim ek in priis wûn ha.

Tip fan Dooitze
Dooitze Nauta, de fersoarger bij SDS, lit ús witte dat hij graach oandacht ha wol foar
dit filmke.

Harsens derby(1160)
De bal wol der mar net yn foar FC Porto:
GratefulLastingBlacklemur Portos crazy miss (Jackson & Mangala) v Academica [GIF]