Weppers moandei 2-12

Weppers snein 1-12
1 december 2013
Weppers tiisdei 3-12
2 december 2013

Dooitze tekent by!
Dooitze Nauta hat oanjûn dat hy ek folgend jier wer by SDS strike sil. It bestjoer hat oanjûn hjir tige wiis mei te wêzen. De spilers binne der fêst ek wiis mei en wy doare ek wol te sizzen dat ek beide wepmasters út de skoreven binne mei dit nijs.

Dooitze yn aksje ôfrûne sneon.
Foto Henk Bootsma


Nijland 1
Yn it ferslach fan Nijland 1 -SDS 1 hat de ferslachjouwer in “uitstekend spelend” Nijland sjoen sneon.

Op de foto

Ek SDS C1 stiet sûn’t ôfrûne sneon kreas op de foto.

Van der Eems
De haadsponser fan SDS, Van der Eems, sil ek de kommende jierren by SC Heerenveen dé húsdrukker wêze(sjoch hjir).

Krysttoernoai Frjentsjer
Guon SDS’ers sille ek dit jier wer meidwaan oan it krystsealfuotbaltoernoai yn Frjentsjer. Sneontejûn 21 desimber binne hjirfan de foarrondes en twadde Krystdei noch wat foarrondes en de finales. De poule-yndieling en it programma kinne jim hjir sjen.

Alderaardichst


Harsens derby(1161)
Mocht Neuer ris blesseard reitsje by Bayern München dan kin Alaba wol op de goal:
ibkEwqJSfTe44Z David Alabas brilliant goal saving block for Bayern Munich v Braunschweig [GIF]