Weppers snein 1-10-2017

Sneon 30-9-2017
29 september 2017
Weppers moandei 2-10-2017
2 oktober 2017

SDS 1

De status “noch net ferlern” jildt foar SDS mar it levert mar in 11-de plakje op yn de stân fan 3A. Der is net ien ploech dy’t twa kear wûn hat. Nije wike spilet SDS 1 thús tsjin DWP 1. Ek wer om 15.00 oere.

Sponsers


Froeger hiene wij de band Dave Dee Dozy Beaky Mick & Tich, in hiele mûle fol en it wie in keunst om dat sûnder hakkeljen út te sprekken. Al jierren hat SDS  in bysûndere sponser fan de wedstriid: Akke, Annie, Baukje, Tiny, Gatske, Eke, Dukke en Willy.  Ek dat is in flinke mûle fol…..

Pupillen fan de dei


Ek sneon wiene der wer twa pupillen dy’t SDS 1 nei in gelykspul lieden.  “ik wol mei Bauke op de foto, sei Sander Velzen gelyk. “Ik mei nû 12, ik wit net hoe’t hij hjit mar hij makke in doelpunt”, sei Hessel Abels.

Moai treffen


Ald SDS 1 fuotballer Jan Weijer út Wommels wie hjoed bij ScHearrenfean- Ajax en hij fûn it prachtich dat hij dêr in bekende tsjinkaam. Ate Vellinga wie der mei begeliedster Petra.  Ate wie goed op ‘e trie en hij folge SDS noch altiten op de foet.
Ate ferbliuwt noch altiten yn Bertilla yn Drachten.