Weppers moandei 2-10-2017

Weppers snein 1-10-2017
1 oktober 2017
Weppers tiisdei 3-10
3 oktober 2017

SDS JO13-2

Sij wiene de pechfûgels fan sneon. De jonges moasten der moai op tiid wêze fan de lieder en wiene sa gretich as wat. Oankommen bij it fjild  seagen se twa ploegen fan it fjild ôfgean en begongen mei de warming-up. De ballen gyngen út it net en doe’t de “tsjinstanner” it fjild op kaam koe it mar begjinne….tochten se. De oanfierder soe nei de skeids ta, mar dy seach wat ferbaasd. “it sil dochs net sa wêze dat wij nei it skoft in oar team fan SDS oantrede litte tsjin Camping Terpstra (AVV)….”
Mei oare wurden, JO 13 koe wer oan de kant, want de twadde helte fan de foarige wedstriid moast noch spile wurde.
Dus mar efkes wachtsje…..wachtsje…..wachtsje …..oant dúdlik waard dat de echte tsjinstanner út Boalsert net ôfreizge wie nei Easterein…..
Se hawwe doe mar efkes traind.

Ferslaggen

Der binne ferskillende ferslagen fan freed en sneon binnenkommen en sa kinne jim dy fan SDS 2, VR1, VR2 en it Efkes Baljen  hjir lêze

Lizze


Sneontemoarn krekt oer tsienen.
Fraach: Wat komt dêr oan lizzen?
Antwurd: in  lieder út Reahûs  mei in net fol ballen

Doelpunten

De list mei doelpuntenmakker wurdt net behearst troch de froulju mar dominearre. Sjoch hjir 

Keepersdei

Na een super geslaagde keepersdag afgelopen april heeft vv SDS besloten om samen met Keepersaction weer een keepersdag te organiseren.
Noteer het alvast in de agenda.. ..
Zaterdag 28 april 2018!! vanaf 13:00!!
Aanmelden kan ook al via onderstaande link:
https://goo.gl/forms/pnlRGCynQDzVeS1r2

De nije SDS-League

Wy hawwe wer in hiele bult SDS-Leagues binnen krigen fia de mail, app, post en hoe ek mar en sille sjen as wy alle teams dizze wike ynfiere kinne. Hooplik kinne wy dan tongersdeitejûn mei de earste stân komme.

Sneon- of sneinsfuotbal


Hoe’t sit mei de ferdieling sneons- en sneinsfuotbal is op dit kaartsje moai te sjen. Dat it yn Littenseradiel giel is, klopt mei 1 sneons- en 1 sneinsklup.

Harsens derby (1929)

Dizze keeper kin wolris faker mei nei foaren!