Sneon 30-9-2017

Weppers freed 29-9-2017
29 september 2017
Weppers snein 1-10-2017
1 oktober 2017

Hawwe jim wat te melden oer oen fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl

freed
20:00 NOK VR2 SDS VR2  7-3
20:30 SDS VR2 SC Bolsward VR4  g.n.t
21:00 Oldeboorn VR2 SDS VR2  0-3
21:30 SDS VR2 Harlingen VR3  g.n.t.
sneon
09:00 SDS JO17-2 Makkum JO17-1  0-9
09:00 ST IJVC/Blauwhuis JO13-2 SDS JO13-1
09:00 SDS JO11-1 Leeuwarder Zwaluwen JO11-1  0-4
09:00 SDS JO10-2 FFS JO10-1  4-4
09:00 Arum JO9-1 SDS JO9-2
09:00 SC Bolsward JO8-2 SDS JO8-1
10:00 ST SDS/Nijland JO15-3 AVV JO15-1
10:00 Leovardia JO11-5 SDS JO11-2  4-3
10:00 SDS JO9-1 Leovardia JO9-4  6-1
10:00 Annaparochie St. MO13-1 SDS MO13-1  2-3
10:45 SDS JO17-1  Dronrijp Foarút Comb JO17-1  2-3
11:00  Bergum BCV Comb JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-2  3-1
11:20 SDS JO13-2 SC Bolsward JO13-6  0-0
12:30 SDS JO19-1 SC Bolsward JO19-1  1-9
12:30 Frisia JO17-4 SDS JO17-3  8-2
12:35 SDS MO15-1 Harlingen MO15-1  0-5
14:00 ST SDS/Nijland JO15-1 SWZ Boso Sneek JO15-3  3-1
14:30 Oeverzwaluwen 4 SDS 3  3-0
14:45 Workum 2 SDS 2  1-2
15:00 Scharnegoutum’70 VR1 SDS VR1  1-10
15:00 SDS 1 Oudehaske 1  2-2
15:30 SDS 4 QVC 3  g.n.t.

SDS JO17-1 – SJO DFC 2 – 3

Ofrune sneon wie us twadde kompetysje wedstriid tsjin de SJO Dronryp Foarut Kombinaasje JO17-1. Dizze jeugd spylet al in oantal jierren op in aardich niveau, dus we wiene warskoge. De earste pear minuten koene we noch meikomme, mar dernei wurde de gasten hieltiid sterker. Fuotbaljend, mar ek ferbaal binne de mannen ut Dronryp en Menaam de boppelizzende partij. Mar dit ferbale geweld gie ek wol gau ris oer it randsje. De goed fluitsjende skiedsrjochter moast in oantal keren flink optrede.

Dochs lieten wy us hjirtroch fan de wiis bringe en de gasten krije kansen op de iepeningstreffer. Dit bart yn de 20e minut en dit is ek fertsjinne. Foaryn kinne we de bal net festhalde en hieltiid hat de tsjinstander op it middenfjild in mantsje mear. Sa no en dan kinne we derut komme en nei in goeie aksje fan Sjoerd kin Stan de lykmakker meitsje.

De twadde helte is it fan us kan iets better en we krije ek wol wer wat kansen. Mar us gasten ek en in kertier foar tiid wurd it 1 – 2. It is no alles of niks, dus probeare we de lykmakker te forceren. DFC profiteart fan de romte die unstiet en wit in pear minuten foar tiid de beslissende 1 – 3 te meitsjen. Mar Eeltsje, us multifunctionele spyler, stiet 1 minut foar tiid wer krekt op it goeie plak om de 2 – 3 te meitsjen. Dit kin hast gjin tafal mear weze, want ferline wike skoarde hy ek al sa. Mar mear siet der sneon net yn. In terjochte utslach.

Skande, want ik bin fan noch hieltiid fan miening dat wy de bettere fuotballers ha en dat der safolle mear ut te heljen is. Us tsjinstander hie in better plan en dat miste der by us. Der sil mear op traind wurde moatte. Nei de moaie oerwinning fan ferline wike steane we no wer mei beide fuotten op e grun. Nye wike wer in nye kans, dan stean we der wer.

Theo.

SDS 1 – Oudehaske 1

In spannend potsje fuotbal dat hieltyd leuker waard hoe langer it duorre. Der wiene wol wat hichtepunten yn de earste helte mei wat kânsen foar beide ploegen. It like bij Oudehaske allegear krekt iets makliker te gean, mar yn de 16 levere dat net folle op. In hurd skot fan Erik Haitsma dat einige op de fûsten fan de doelman hie mear fertsjinne. Troch in betide blessure fan Jacob Klaas Haitsma moast trainer Hoekstra al gau ien fan syn wiksels brûke. Marco Rijpekma kaam der yn.

Yn de twadde helte wie it dyselde Marco dy’t bij in poging de bal te ûnderskeppen, de bal sa rekke dat hij eigen doelman Jaap Toering kânsleas liet. Oudehaske wie wol hiel goedkeap 0an de 0-1 kaam.
De SDS supporters mienden te witten dat it “no wol hiel lestich wurde soe” om der in gelykspul út te slepen.  Doe wie dêr Habtamu de Hoop dy’t mei in tûk paske ynfaller Hendrik de Jong frijspile en dy omspile de doelman op routine en koe de 1-1 oan tekenje.

Sa woene beide ploegen noch foar de oerwinning gean en it wie Oudehaske dat op foarsprong kaam. In kadootsje. Doelman Jaap Toering like de bal te hawwen, liet los en ien fan de spitsen skeat fia peal rekke.

No soe it noch dreger wurde om gelyk te kommen, neffens dy selde SDS supporters want der wiene noch mar in minút as 10 te spyljen.

Mar wer wie it Habtamu de Hoop dy’t in assist oantekenje koe want Erik Haitsma kopte in bal hiel behearst yn de goeie hoeke.

Oudehaske krige noch ien kadootsje troch in ferkearde weromspylbal mar doelman Jaap Toering foarkaam dat se dy ek noch útpakten.
2-2 waard de einstân en dêrmei wie net ien echt tefreden, tink ik.

Foto’s Henk Bootsma

Workum 2 – SDS 2     1-2

De 2e wedstrijd van ’t seizoen was tegen en in Workum 2.
De thuisploeg had vorige week met 1-4 gewonnen van Minnertsga, we konden dus “aan de bak”. Tijdens de warming up begon het te regenen, het niet al te beste B-veld werd er dus alleen maar’ zwaarder’ van, maar dat is voor beide ploegen gelijk.
Doordat Jurjen vanuit ’t 1e met ons mee was, stond de as bijna weer zoals vorig jaar, met Feite doorgeschoven op het middenveld.
We begonnen goed, zette Workum snel onder druk, en dat resulteerde in de 12e min in een voorsprong, Sjoerd kon na een goede aktie een beste voorzet geven en Dirk kon de 0-1 binnen tikken.
Daarna hielden we het betere van het spel, het veld werd er niet beter op, Workum kreeg een paar kleine kansjes maar wij verdubbelde in de 35e min de voorsprong, Tjeerd gaf een goede voorzet en uitblinker Sjoerd scoorde knap de 0-2.
Na rust hebben we de intentie om door te gaan zoals in de eerste helft, met goed voetbal Workum onder druk houden, maar toch lopen we weer binnen 3 minuten tegen een tegengoal aan. Workum scoord, al dan niet “geholpen” door een been van ons, de 1-2.
Gelukkig pakken we het na een tijdje weer op en ontstaat er een leuke, spannende pot voetbal. Hier en daar wat fouten, aan beide zijden, en beide ploegen kregen kansjes, Workum de beste, maar Gertjan redt twee keer zeer goed.
Workum dringt op het laatst uiteraard aan om de gelijkmaker te forceren, waardoor wij toch wat ruimte kregen, maar mede door het zware veld waren beide ploegen niet meer in staat te scoren.
Een zwaar bevochten overwinning, vooral de 2e helft op vechtlust eruit gesleept, en dat zijn “lekkere” punten.
Volgende week weer uit, naar Minnertsga.
Boudewijn

SDS VR 1 – Scharnegoutum VR 1

 

 

0-1 Sanne Rixt
0-2 Sanne Rixt
0-3 Moaie assist Tjitske, doelpunt Hester
1-3 Scharnegoutum
Skoft
1-4 Sieta
1-5 Hester út in frije traap krekt bûten de 16 meter
1-6 Seriëtte
1-7 Sanne Rixt
1-8 Tjitske
1-9 Seriëtte
Skarnegoutum mist strafskop
1-10 Tjitske bepaalt de einstân

Juster de twadde competitie wedstriid. Ik wit net as it oan de euforie fan ferline wike lei, it reinige waar of de senuwen, maar yn de box wie it ien grut kippenhok. De stemming siet der goed yn, dat wie een ding wat seker is.
VR1 begûn sterk en yn no time wiene der kansen, binnen een kwartier makke Sanne Rixt twa doelpunten. Dernei begûn Skearnegoutum hieltyd better te fuotbaljen, steeds meer druk te setten wertroch sds wat paniekerig waard. Toch koe Hester de 0-3 meitsje, maar fuort dernei makke Skearnegoutum alwer de 3-1. 3-1 Yn é rêst wie een prima stand mar der siet mear yn. Stefan sei yn de rêst dat we fuort scoare moasten nei rêst, dat slagge, yn de earste minuut fan de twadde helte scoarde Sieta een prachtich doelpunt. Dernei wiene we “los”. Wij spylen mei it hiele team, op Tarina nei dan, op de helte fan Skearnegoutum. Hester scoart rechtstreeks fanút een frye trap, Tjitske skoart noch twa keer, Seriette noch twa kear en Sanne ek nog een kear. Skearnegoutum kriget nog een strafskop troch een foutsje van ús ferdediging mar dizze gong oer.
It siet harren dan ek net allegear mei…
Foar ús een súper start, 20 doelpunten foar ut twa wedstriiden!

Ferslach wedstriiden dames 2 op 29 september.

Jimme hawwe it ferslach fan de wedstriiden fan dames2 noch tegoede.
Wy misten in oantal spilers: Aligonda wie raar knoffele en Lize koe net. Geartsje koe mar twa wedstriiden spylje want sy moast noch folleybalje en Anne hie oproptsjint. Toch gongen Geartsje en Anne mei, mar wy hienen al twa fruolju fan dames 1 mei te witten: Sanne Rixt en Janieke.
Opstelling: Anne, Jacomien Heeres (debuut!), Petra, Rajsa, Sietske, Geartsje, Marjo, Anneke en dus Sanne Rixt en Janieke.
Doe’t wy yn Alde Marrum kamen kriigen wy te hearen dat de dames fan Harns en Boalsert ôfsein hienen. Tige spitich, want je komme om 4 wedstriiden te spyljen. Mar oan de oare kant, dizze twa “thús”wedstriiden hienen wy dus al wûn!
Omdat we mar 2 wedstriiden spylen, frege de dames fan NOK as wy dan 30 minuten spylje woenen; koenen we dochs wat langer baljen!
Hawar, we begongen mar rap oan de wedstriiden want it waard gau tsjuster: d’r hong in aardige bui! En ja, wy wienen noch mar krekt dwaande as dêr gong it hinne. It spielde! Mar it reinde noch gjin goals. Wy koenen de nul wol efkes beet hâlde. Dochs kaam NOK nei in skofke op in 2-0 foarsprong. Nei wer in poging fan NOK trape de keepster de bal rap út. Hy kaam moai foaryn by Marjo en die koe doe hiel kreas skore! De oanslúter! Wy kamen efkes yn in flow, want net lang dernei skeat Rajsa fan ôfstân beheerst yn it netsje: 2-2! NOK skoorde doe wer: 3-2. Mar ek dat koenen se net lang folhâlde want Sietske, dy’t wol licht bleseare wie, skeat de bal prachtich efter de keepster fan NOK. 3-3. Tja en doe waard it by ús al wat minder: we wienen dweil troch wiet en die 30 minuten wienen miskien foar ús dochs krekt te lang. Mei in pear útbraken fan de kant fan NOK, dy’t twa kear skoorden tusken de fuoten troch fan de keepster, rûnen se al gau út. De einstân wie dan ek 7-3.
Doe hawwe we efkes in koarte teepauze hân, sadat we in bytsje opdroegje koenen. Doe’t we wer begjinne soenen, wie d’r wat ûnwaar, sadat we noch mar efkes wachten.
Om healwei 9 begongen we de wedstriid tsjin Oldeboorn. It gong earst moai gelyk op, mar wy wienen dochs in fraksje better en skerper as de fruolju fan Oldeboorn. Troch Sanne har rappe rinwurk koe se de bal moai foar krije en koe Jacomien har earste doelpunt meitsje yn har karriere!!! Wat in debuut meitsje je dan! No folhâlde en trochsette! En dat slagge: Janieke prebeare it in kear fan ôfstân en fia de peal en in tsjinstander gong de bal d’r yn! Oan it ein fan de wedstriid kaam Sietske wer fris yn it fjild en koe ek sy noch in moai ôfstânskot pleatse, dy’t prachtich efter de keepster ferdwoun! En dat wie ek de einstân: 0-3. Al mei al hawwe we in moaie jûn hân, wêrby Geartsje beide wedstriiden spylje koe en in pear kear hast skoort hie, Sanne mei har rappe draafwurk sterk wie oan de side en ek in pear kear in goed skot hie, die mar krekt neist gong. Janieke hold de boel efteryn mei of Petra of Anne goed yn de gaten, Jacomien dus har debuut makke mei in goal, Rajsa goed wurk ferjochte foaryn en dus ek skoort hat en Marjo gefaarlik wie oan de linkerkant en inkele tsjinstanders goed bezich holden hat! Sietske hat ûndanks har blessure wer degelik fuotballe en dus skoort en Anneke dy’t wol wat op gang komme moast, mar yn de lêste wedstriid de 0 holden hat!!! Wy steane wer wat steviger op it twadde plak!!
Else woansdei hawwe we trainen fan19:30-20:30 ûnder lieding fan Paul Walstra, ús altiid optimystike coach! Elsenien is wolkom om it in kear te prebearjen!

Groetnis fan Anneke

Efkes Balje


“It is aardich barbekjoewaar mar in bui slút ik net hielendal út”dat sil de tekst fan in bij SBS tige bekende waarman west ha juster op de ein fan de middei.
Wij fan it Efkes Baljen witte dan genôch. It giet hiel hurd reinen en dan melde wij ús net ôf. Wij sette foar de frou thús de barbekjoe oan en sette sels ôf nei EasteREIN dat helaas syn namme wer ear oan die. Mar leafst 13 man woene it wol meimeitsje allegear, sa’n buike.
Ien seach de bui al hingjen en heakke nei 10 minuten ôf sadat de tranferfrije Ferrie Korbach fan âld nei jong gie, om it  lykwicht te herstellen.
De partij gie gelyk op,  âld rûn wat út, jong kaam bij, jong rûn út en âld kaam net mear bij.
Underwilens wie de barbekjoe al flink wiet thús en sieten de froulju al bij de kachel te droechjen  en sa moasten wij konstateare dat ek Buienradar de bui net bijhâlde koe, want al foardat de klok 20.30 sloech, reinde it hurd, tige hurd.
Der wie in ôfspraak om de winnende twa goals gau te meitsjen, mar dat koene de fol mei wetter sittende earen net mear heare. Finale waard wûn troch jong mei 2-1.
De jongsten dy’t wiet thús kamen: Lieuwe (úfallen en in bytsje wiet), Dennis, Menno, Frank, Ferrie, Wybren, Syb
Iets minder jong en ek wiet: Wouter, Theo, Klaas, Harrie en……. Pieter en Aant dy’t op de fyts nei Wommels moasten en noch wieter waarden.