Weppers pinkstersnein

Slotmiddei grut sukses!
21 mei 2010
Weppers pinkstermoandei
23 mei 2010

Utslaggen
Juster in lyts programma en wat wedstriden dy’t net trochgiene. Dan is it dreech om de útslaggen goed binnen te krijen. Wa’t noch in oanfulling hat op de útslaggen kin dit melde op de bekende eameladressen.

Bekerfinale
Pinkstermoandei wurdt de bekerfinale KNVB Noord spile yn Snits op it fjild fan Sneek Wit-Zwart. Dizze wedstryd giet tusken SC Genemuiden en Sneek-Wit-Zwart en begjint om 18.00. Douwe Dirk-Reitsma sil by dizze wedstryd assistent-skiedsrjochter wêze.

Sweltsjes
Sweltsjes binne moaie fûgels. Ljouwerter sweltsjes binne rotbisten. Alteast dat fynt in spiler fan SDS 5. Sjoch
hjir

Diego Milito
Dat fine wij no it moaie fan Wikepedia, de digitale enseklopedie. Bijholden troch elkenien. Juster nei ôfrin fan de finale efkes sjen wa’t dy superspits no krekt is en dan is
de tekst al bijwurke. Want bij SDS 5, dy’t meielkoar de wedstriid sjoen hawwe wiene der hiel wat fragen hokker nasjonaliteit dizze spiler hie.

Barbekjoe SDS 5

SD5 hat sneontejûn it “dramatyske” seizoen ôfsluten. Dat diene se tidens in barbekjoe yn de tún bij Eddy en Pep. En sa koe it fuotbal ek noch moai sjoen wurde.


Takemjier oare lieders. Eddy nei twa jier en Aant nei ien jier stopje der mei en krigen in tapaslik drankje oanbean.


Foar de froulju fan de ôfskie nimmende lieders wie der in blomke en Daan naam dizze gelegenheid gretich te baat om Pep de blommen te jaan. En omdat it fototastel mei opsetsin earst net goed stie, mocht Daan it oantal kearen dwaan.

Wêr?(2)
Ôfrûne freed skreaunen wy hjir oer in holleskraber. Wêr rekke Durk de Jong inkelde jierren werom blesseard troch yn de grûn te traapjen? Durk hat sels it antwurd jûn:
“Dit ungemak gebeurde bij LTC ut Assen. Op it fjild van Amboina wat LTC ek brukte. Dernei soe ik mei it 1e nei HZVV ien Hoogeveen”.
Groetnis Dirk


Oefenje
Der binne al meardere
keepers dy’t traine op it “sensasjoniel” stopje fan de bal. Sa as dizze ús bekinde keeper.