Slotmiddei grut sukses!

Utslaggen 22-5
21 mei 2010
Weppers pinkstersnein
22 mei 2010

Slotmiddei

It koe net better. Sok moai waar, safolle bern en safolle leuke spultsjes. De jeugd hat it seizoen freedtemiddei ôfsluten.

Foto’s
Wij hawwe al wat foto’s makke en dy kinne jim hjir sjen. En der steane wer hiel wat talinten op. Sjoch
hjir. En hjir en dêr hawwe wij der wat kommentaar bijsetten.

Noord of Zuid Korea.
Amper 7 jier  en dan wurde je yndield bij Kameroen of Nigeria of Korea. Tidens de slot middei rekke ien fan de F-kes de tried wol wat kwyt.
“Wêr hearsto bij”, frege ien fan de begelieders.
“Bij Zuid Korea,”sei it fintsje grutsk
“Dat kin net want dy dogge net mei”, wie it antwurd
“Dan bij Noord Korea,” reagearde hij gelyk.

Op jacht nei it snelheidsrekord

It foel noch net ta, de bal hurd yn it doel te sjitten, sadat de snelheidsmeter oanjoech hoe hurd it wie.

Winners
Fansels wie it ek dit jier wer ferskriklijk spannend by it penaltysjitten. Pieter Sytsma (beste D), Hendrik van der Eems(beste E) en Sjoerd de Boer(beste F) stienen mei syn trijen yn de finale tsjin de 3 keepers Marten Faber, Harm-Jan Kamstra en ien fan de wepmasters. Sjoerd de Boer wûn it úteinlik, Hendrik waard 2e en Pieter 3e.: