Weppers pinkstermoandei

Weppers pinkstersnein
22 mei 2010
Weppers pinkstertiisdei
25 mei 2010

Pinkstermoandei
Fansels winskje wij alle SDS-ers dy’t hjoed keatse yn Frjentsjer in soad sukses. Wij hope safolle sitfleis te hawwen dat wij der hiel wat fan meipikke kinne.
En ek de fytsers winskje wij sitfleis ta. Bij 11 stêden lâns fytse op ien dei dat liket ús no neat.

SDS WK-League
Sa ’t it no stiet kinne jim hjir kommende freed de formulieren fine foar de SDS WK-League!

Lokwinske
Hylke Schrale, earder trainer fan SDS 2, hat syn papierke helle foar oefenmaster 2. Dat makke him bliid. De wedstriid tsjin CVVB 2 net. Sjoch
hjir.

Heiten en dochters
Se sjogge der allegear nei út: de heiten fan de dochters fan Da2 en de dochters sels. Tiisdeitejûn sille sij de striid oan gean. Op fersyk fan de heiten twa kear 30 minuten hawwe wij heard. Om de nederlaach net te grut te meitsjen, sa sizze de dochters.
Fansels rekkenje se op in soad publyk.

Trainen is dien
Beste leiders en trainers, 
Naar aanleiding van een kort maar doeltreffend onderzoek naar de hoeveelheid teams die in week 21 nog trainen, wordt het volgende gemeld.
Vanaf 21 mei kan er geen gebruik meer worden gemaakt van het trainingsveld achter de sporthal.
Vanaf 1 augustus zal er weer begonnen worden met trainen op de trainingsvelden. 
Vriendelijke groeten, Andre Vink

WK
Moarntejûn foar de tredde kear alwer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 (op fersyk fan fuotbaljende heiten) op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (217)
Mochten de fjilden yn Súd-Afrika mei de WK sa min wêze dat der besletten wurdt om it mar by tankstasjons te hâlden dan wit Bram van Beem ús te melden dat Ingelân dan in goeie kâns makket op de titel: