Weppers peasketiisdei

Weppers peaskemoandei
5 april 2015
Weppers woansdei 8-4
7 april 2015

SDS 1 wint mei 3-1 fan TONEGO 1
SDS 1 hat juster 3 wichtige punten pakt tsjin TONEGO 1. Om ’t de iene wepmaster wurkje moast en de oare nei Aaipop hawwe wy gjin wedstrydferslach. Wa kin it ús maile? Mail nei
ús!
De doelpuntenmakkers by SDS wienen yn elts gefal Jelmer Posthumus (2x) en Skelte Anema.

Debút
Sjoerd van Beem makke juster op 36 jierrige leeftiid syn kompetysjedebút yn de basis fan SDS 1en keepte in knappe pot tsjin TONEGO 1. Ús komplimenten!

Foto’s SDS 1 – TONEGO 1
Henk Bootsma hoefde juster net nei Aaipop en makke wer alderaardichste foto’s by SDS 1 – TONEGO 1. Jim kinne se
hjir sjen.

Pupillen fan ‘e wike

Jochum Postma en Redmer Wiersma wiene juster de pupillen fan de wike. Sij woene op de foto mei matchwinner Jelmer Posthumus.

SDS 1 sneon wer thús
SDS 1 spilet sneon op ‘e nij thús. Sy meie dan tsjin de “polderboys” fan SVM út Marknesse. De wedstryd begjint om 14.30 oere.

SDS 1 hat measte m2’s keunstgers ferkocht!
Der binne alwer wat lju west dy ’t harren jild ynlevere hawwe fan de lotten. It jild kin no ek stoarten wurde op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Oan ’t no ta hawwe de spilers fan SDS 1 de measte lotten ferkocht, mar dat kin sa oars.


Sneon 11 april feest foar SDS-jeugd yn de Tsjerne!!


5-tsjin-5-toernoai
Op sneon 13 juny is der in
5-tsjin-5-toernoai yn Koudum. Wa ’t it leuk liket om hjir oan mei te dwaan kin syn team hjir opjaan.

Harsens derby (1472)
Dizze snelle spits wie dreech ôf te stopjen: