Weppers peaskemoandei

Weppers snein 5-4
4 april 2015
Weppers peasketiisdei
7 april 2015

SDS 1 – Tonego 1
Hjoed om 15.00 oere yn Easterein de wedstriid SDS 1 – Tonego 1. SDS kin wol wat punten brûke dus jim stipe is fan herte wolkom.

De folgende m2’s keunstgers wurde ferkocht!
SDS 1 spilet fannemiddei thús, dus der komme wer genôch SDS’ers nei de Skoalleseize dy ’t wol lotten keapje wolle. Jan Hiemstra fan Frjentsjer wol graach 5 lotten keapje fan 5 ferskillende SDS’ers. Hy hat sneon ien kocht, dus hjoed kin hy de rest keapje.

Pupillen fan de wike

Jalko Tanja en Jesmer Zonnenberg wiene sneon de pupillen fan de wike. Sij woene op de foto mei Jaap Toering.

Alwer ien!
En dêr is alwer ien! Ek Marit Albada is al har lotten al kwyt!

7 tsjin 7
De KNVB hat sa no en dan fuotbaltoernooien yn de regio fan 7 tsjin 7 teams foar 35 + en 45 +.  Meastal fynt dat plak krekt nei de gewoane kompetysje. Yn Fryslân fynt it plak yn de Westereen, Jobbegea, Menaam en Balk. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

Doelpunten
Lestich is it at men graach wol dat wij de doelpuntenmakkers bijhâlde foar senioren en froulju en at dy doelpuntenmakkers net trochjûn wurde. Fan Vr2 en SDS 5 taal noch teken heard en dochs skine se sneon skoard te hawwen.

Sneon 11 april feest foar jeugdleden yn de Tsjerne!!

Aaipop
Muzykleafhawwers en gesellichheidsdrinkers binne hjoed wer te finen yn Nijlân, wêr’t foar de 28 ste kear Aaipop holden wurdt. Om 14.00 begjin it en om 22.00 oere einigt it mei it Fryske folkliet. At jim op tiid binnen en nei in goed oere al sizze dit is
TrijeXnics dan klopt dat. Dizze band is dan ek spesjaal foar Pieter Lieuwe nei Nijlân helle.

Gjin lekke bân
Nei it fuotbaljen fannemiddei kinne je dus efentueel noch wol efkes op it fytske nei Nijlân al moatte je dan gjin
lekke bân krije.

Harsens derby (1471)
Falcao mei net faak meifuotbalje by Manchester United van Van Gaal. Hy lit it der wat by sitte….