Weppers moandei 9-11

Útslagen 7-11
6 november 2015
Weppers tiisdei 10-11
10 november 2015

Ferslagen sneon 7 novimber
Ynmiddels hawwe wy fia Liverpool ek de ferslagen fan SDS Vr. 1 en A1 binnen. Jim kinne se
hjir lêze.
Fan de D1 krigen wy gjin ferslach, mar wol in krease foto. Sy wûnen op Skylge mei 5-0.


SDS B1 en B2
Hans van der Schaar traint moandeitejûns B1 en B2. Hy wurdt dizze kear assisteard troch Skelte Anema fan SDS 1. It doel is dat der eltse wike in spiler fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen. Erik Haitsma, Hendrik de Jong, Tsjipke Okkema en Teun Heeres hawwe al oan beurt west.

Út de âlde doaze
Jan de Jong liet ús sneon by Delfstrahuizen 1 – SDS 1 in âlde foto fan Delfstrahuizen 1 sjen dy ’t dêr yn de kantine hong. Loftsûnder stiet namelijk Wouter Ketting Olivier op de foto. Neffens Jan hat hy yn Wommels wenne en hat hy haadtrainer west fan SDS 1 tegeare mei Meinte Sixma. Wa ’t ús der mear oer fertelle kin mei maile nei
info@vv-sds.nl.


Yn Liverpool
De iene wepmaster mei stikeltsjeshier sit noch yn Liverpool. Liverpool hat dan juster wol ferlern fan Crystal Palace, de wedstryd wie tige de muoite wurdich. Ek hjoed is der noch wol wat ferdivedaasje:

The fifth Beatle?

Yn Fulham
Klaas, Syb en Samme Overal troffen it sneon ek by Fulham – Birmingham City. Fulham ferlear dan wol mei 2-5, mar der foelen genôch goals mei dêrneist in machtige sfeer en in prachtich stadion!

De Overals yn it prachtige Craven Cottage.

Yn Sunderland
Jacob-Klaas Haitsma wie sneon by Sunderland – Southampton. In meagere 0-1, mar fêst best fermakke yn it Stadium of Light.


Harsens derby (1621)
De keeper fan Aston Villa hie dit wykein de kop der goed by!