Weppers tiisdei 10-11

Weppers moandei 9-11
9 november 2015
Weppers woansdei 11-11
10 november 2015

SDS 2 traint jûn net
Wy krije troch dat de training fan SDS 2 jûn net trochgiet. De trainer kin net, it fjild is aardich wiet en inkelde jongens dy ’t wol wat ekstra training brûke kinne hawwe oare ferplichtings.

SDS 1 sneon thús tsjin sc Berlikum 1
SDS 1 spilet sneon om 14.30 oere thús tsjin sc Berlikum 1. SDS 1 kin de punten wol brûke en wy hoopje dat der sneon in hiele bult SDS’ers komme om SDS 1 te stypjen de 3 punten te pakken. Dit sil net meifalle, want de lêste twa kear hat SDS 1 thús tsjin sc Berlikum ferlern (1-3 en 1-5….). Dy kear dêrfoar waard der al wûn mei 5-0, mar dat wie yn it seizoen ’90-’91………… Doelpuntenmakkers doe; Jappie Wijnia (2x), Peter Sybesma, Floris Hiemstra en Tseard Dijkstra.

Sinterklaasje mei SDS 2
Sneon komt Sinterklaas it lân wer yn en de kans is grut dat hy neat meinommen hat foar de mannen fan SDS 2. Dêrom organisere sy sels mar in Sinterklaasjûn om tongersdeitejûn 3 desimber fanôf 19.00 oere yn de fuotbalkantine. De lotsjes sitte yn de tonne, dus it is no al spannend!

Nicht alderaardichst


Sa kin it ek…….
Mocht it trainingsfjild hiel wiet wêze dan kinne je sa ek traine……….. Dan bliuwt de bal ek net yn de drek hingjen……….

Harsens derby (1622)
Knappe pingel………………