Weppers moandei 8-9

Weppers snein 7-9
6 september 2008
Weppers tiisdei 9-9
8 september 2008

Bewarnûmer Treffer
It bewarnûmer fan de Treffer leit no by de drukker, dus wy hoopje dat jim him kommend wykein op de matte lizzen hawwe.

SDS League
As it wat meisit dan kinne wy binnenkoart ek wer los mei de SDS League. De spilerslist(klik hjir). is fannejûn ynelkoar setten. Soenen jim him miskien efkes neisjen wolle op efentuele foutsjes? As jim sjogge dat der iets net kloppet mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl

Lokkich mar
Beste SDS-ers
Ik lees tot mijn schrik op jullie website bij de weppers van woensdag 03-09 dat het damesteam van IJVC niet tegen jullie dames kon
spelen omdat het team geschorst zou zijn. Het leek jullie een sterk verhaal, en dat is het gelukkig ook.
We zijn bij IJVC druk bezig een damesteam op te richten en hadden de hoop dat we deze competitie konden starten.
Maar helaas, we hebben nog niet genoeg dames, dus moesten we het reeds opgegeven team weer terugtrekken.
De dames trainen tot nu toe wel fanatiek, maar hebben nog geen wedstrijd gespeeld, laat staan een scheidsrechter belaagd.
Het verhaal op jullie site, wat jullie gelukkig ook al erg sterk leek, is dus niet waar.
met vriendelijke groet
namens vv IJVC
Andre Dijkstra
Jeugdcoordinator.

Ferslach
Ek op de webside fan vv De Weide stiet in ferslach fan de wedstryd tusken vv De Weide 1 en SDS 1. It is net al te wiidweidich…..(klik hjir).

Aktie by Aktiesport
Gerard van Asselt kin wol wer wat help brûke by Aktiesport yn Ljouwert. Hy hat earst in fakatuere foar tidelik kontrakt yn de oanbieding en mooglik yn oktober ien foar in fêste baan. Wês der dus gau by en mail Gerard.

SDS 2
SDS 2 traint fanôf moarn op tiisdei en tongersdei net mear om 20.15 mar om 20.00.

Famkesfuotbal

De seleksje fan de famkes fan SDS is wat oan de krappe kant. Sy hawwe noch mar 15 spylsters. Sy soenen der dan ek graach noch wat spylsters by hawwe wolle. Wa ’t it wat liket kin op tiisdeitejûn 19.00 oere ris op in training sjen of in pear kear meidwaan om te sjen as it wat is. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).
Yn de folgende doarpskrantsjes fan Easterein en Wommels kinne jim heechstwierskynlik mear lêze oer it frouljusfuotbal by SDS.

Opfallend
Twa útslagen foelen dit wykein wol hiel erch op. SDS 3 ferlear foarige wike mei 6-0 fan Workum 3 en wûn no mei 2-1 fan Workum 2…….
SDS A1 ferlear yn de beker mei 6-2 fan Makkum A1 en wûn no “gewoan” efkes mei 3-1.

Musykleafhawwers
ûnder de SDS’ers sitte ek in bult musykleafhawwers. Soe foar harren dizze ballon ek opgean?(klik
hjir)

Ho
Kin gebeure……………