Weppers snein 7-9

Utslaggen 6 septimber
5 september 2008
Weppers moandei 8-9
7 september 2008

Ferslagen
It is in merakel safolle ferslaggen at wij al krigen hawwe fan de wedstriden fan juster. Jim kinne se allegear(ynklusyf SDS 1 en 3) 
hjir fine. At it sa troch giet kinne wij der wykeins net iens mear op út.

Flagger
De froulju fan SDS hawwe Feike Jorritsma ree fûn om by harren te flagjen. Hy wol dit wol om ‘e wike dwaan. Hartstikke super fansels, mar der moat dus noch ien by. Wa wol mei Feike dizze duobaan oangean?
Mail nei Anke!

Punten
Wij skreaunen juster oer it oantal wedstriden en it oantal punten dat te heljen wie. Enne hat de útslach analyseard:
It 5e giet net troech dan bin der nog 51 punten bij in gelijk spultsje krije je mar 1 punt  twa gelike spultsje is dus in punt ferlern we ha 24 punten is dus min 1 dat meitsje we nije wike wer goed.

Op de foto
Ek dit jier wolle wij graach fan alle alvetallen en sântallen wer in foto. Wij hawwe der gjin beswier tsjin at de lieders sels wat regelje om sa’n foto te meitsjen. Wij kinne fansels net oeral bij wêze. De B’s, D2, E2 en F1 binne hjoed wol op de kyk setten. Sjoch bij
junioren

Beker te plak
SDS 5 helle ferline wike in fertsjinstlik tredde plak op Skylge. It bewiis ûntbruts. Nei in wike fan hinne en wer farren is de beker úteinlik yn Easterein oankommen. Hij siet bij Ype yn de tas…. Ek de foto is no boppe wetter.

In net al te grutske lieder Eddy de Boer hat krekt de beker yn ûntfangst nommen en draacht him oer oan Ype dy’t ferantwurdlik holden waard foar de tredde priis. Christiaan Hoekstra koe ûndanks syn ribkneuzing noch folop laitsje.

Van Nistelrooy
De kâns is grutter dat Van Nistelrooy ea by SDS komt te fuotbaljen dan by Chelsea(klik hjir).

Wol mei
Elly T. lit ús witte dat Ype T. takem jier wol wer mei mei nei Skylge. Der is ien betingst: Eddy de B mei net mei….

Foarljochting KNVB

De KNVB hat ynkoarten in nijsgjirrige jûn op it programma stean. Sjoch hjir