Weppers moandei 8-11

Weppers snein 7-11
7 november 2010
Weppers tiisdei 9-11
8 november 2010

Gjin trainen
It trainen fan SDS D1 giet hjoed net troch
De training is no kommende  tiisdei healwei 5 op fuotbalfjild te Wommels.
 
Grtnis
Remco

In kâns of in mooglikheid

Sa op it earste gesicht is dit in fierôf foto, nommen yn de wedstriid DWP 4 – SDS 5.  Mar at jim op it plaatsje klikke, komt it byld wat tichter bij. Trainers hawwe it soms oer kânsen en mooglikheden. At der trije man fan SDS “allinne” op de keeper ôfgean dan hawwe wij efkes gjin wurd. It waard gjin doelpunt.

Drok
SDS 5 moat dit jier foar de twadde kear al op jûn fuotbalje. Woansdeitejûn giet hopenlik in folsleine SDS 5 seleksje nei de Jouwer.

Moandeitejûn sealfuotbaljûn?
SDS 1 moat jûn yn Burgum sealfuotbalje tsjin De Herauten 2 om 19.00.

Klaas en Ype
Ype Tiemersma is no ek in berekeardel. Hij hat de Berenloop op Skylge útrûn. Hij kaam tegearre mei Klaas Kamstra oer de finish nei goed 2 oeren. Fan dit karakter, dizze kondysje en foarm kin SDS 5 noch flink profiteare dit seizoen.

Utslaggen en standen
Fan de wedstriidsikretaris krigen wij de utslaggen en nije standen binnen. Jim kinne it
hjir allegear sjen.

Harsens derby (327)
As in keeper seker witte wol dat in penalty net sit kin hy him mar it beste da bal yn de hannen pakke.



Letter miskien wol mear!