Weppers snein 7-11

Utslaggen 6-11
4 november 2010
Weppers moandei 8-11
7 november 2010

Wat let
De weppers wolle hjoed wat min op gong komme. Dat komt omdat de kop noch fol rock sit. Opdien yn Itens. Lit ús mar sizze dat wij efkes lêst hiene fan in
Communication Breakdown.

Pupillen fan de wike

Jeljer Overal (E5) mocht op de foto mei Jaap Toering


En Jelle Roel van der Hoek dy woe mei Arjan Posthumus op de foto.

Wietse
Wietse Fopma hie juster in echt fuotbaldei. Earst mei B1 tsjin NOK, dêrnei in helte fuotbaljer mei SDS 5 tsjin DWP en dêrnei noch in skofke flagje yn Sint Jânsgea.

Read-Blaue Derby
Juster wie de derby VV Spakenburg – IJsselmeervogels. Oftewol de “Spakenburgse Read-Blaue derby”. De IJsselmeervogels wûnen mei 2-3. Peter Sybesma en Gert-Jan Hiemstra wienen dêr as taskôger by. Sy seagen ek noch twa bekinde “Spakenburg-supporters” tsjin:



Spitich
SDS 6 moast juster út tsjin SC Franeker 5. De Frjentsjerters hienen in ferrassende opstelling. De spits stie no op de back, want hy skoorde nea as spits. Dit wie in knappe gok, want hy skoorde no sels 2 kear. Spitich foar de Frjentsjerters al yn eigen goal……………..

Heechhâlde
Ea die Richard Witschge it as Ajacied tsjin Feyenoord. Juster die Johan Postma it as SDS 6’er tsjin SC Franeker (sjoch hjir).

Kuenstgers
Tsjintwurdich is der knap kuenstgers te krijen. It liket krekt echt gêrs, it hobbelt en stuitert net raar, je kinne der slidings op meitsje en je hoefe it net te meanen. It kuenstgersfjild yn Âldehaske foldie allinnich oan it lêste………..


Sealtraine
Ek de kommende wike is der wer sealtrainen. De skema’s kinne jim 
hjir fine.

Harsens derby (326)
Yn Ingelân riskear je in stadionferbd as je as supporter it fjild opdrafe. Ek as je “gewoan” in bal weromkoppe?