Weppers moandei 7-1-2019

SDS-nijjierssit 2019
6 januari 2019
Weppers woansdei 9-1-2018
9 januari 2019

VTON

Tiisdeitejûn om 19.00 oere is der foar trainers en lieders in útlis en demonstraasje fan de VTON trainingsmethoade. Fia de mail of de app is elkenien útnoege.

SDS op OFK

Woansdei 9 jannewaris binne de mannen fan SDS 1 aktyf op it OFK yn Frjentsjer. Sy begjinne om 19.30 oere.
De seleksje bestiet út: Jaap Toering, Feite de Haan, Tsjipke Okkema, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Bote Strikwerda en Willem Wijnia.
SDS sit yn in drege poule mei:
vv Bergum
vv Makkum
vv Kollum
Leekster Eagles
Puinhoop United
Bergum  is in sneins-1e-Klasser, Makkum in sneons-4e-Klasser, Kollum in sneons-3e-Klasser, Leekster Eagles spilet sealfuotbal yn de Eerste Divisie en Puinhoop United stie twa jier werom noch yn de finale. Leekster Eagles wûn it ferline jier.
Leekster Eagles en Puinhoop United wurde beide sjoen as favoriten foar de einwinst (sjoch hjir).

Bekerje op tiisdeitejûn

De bekerwedstriid tsjin sc Twijzel is net op sneon 23 febrewaris, mar op tiisdei 19 febrewaris om 20.00 oere. De sneons hat Twijzel 1 in kompetysjewedstriid stean tsjin Dokkum 1.

Oefenje

SDS 1 sil nije wike tiisdei 15 jannewaris thús oefenje tsjin vv Nijland 1.

De seal yn

SDS 4 sil freedtejûn yn de seal yn Easterein efkes noflik balje.

SDS 1 yn 2008-2009

Yn it seizoen 2008-2009 wie Dick Schuurmans trainer bij SDS 1. Hij hat it hiele jier op syn eigen wize yn byld brocht mei alle ynformaasje dy’t nijsgjirrich is om noch nei te sjen. It moai dokumint is no ek yn partsjes te besjen op de side. Sjoch hjir foar it oerwicht fan 2008-2009

SDS yn it ferline

Neist 2008-2009 steane der al tal fan oare seizoenen fan SDS folslein op de side. Sjoch ûnder it kopke Klupynfo-Histoarje. De plakboeken fan Hendrik de Jong binne no klear en wij sille no op jacht nei it plakboek fan Geert Hiemstra út de jierren 70…….

Harsens derby (2091)

Wat in pass!!