SDS-nijjierssit 2019

Wat hawwe wy juster wer in noflike nijjierssit hân mei tank oan de barmeiwurkers, Gerrit Poortinga en jim!
Tige by tige!

Klaverjassen

Mar leafst 5 tafels sieten fol by it klaverjassen juster. Dat betsjutte dat der mar leafst 20 minsken meidienen. Willem Rientsra wie de tûkste mei 4392 punten en gie mei in rollade nei hûs lykas nûmer 2, Anny Sjaarda en nûmer 3, Popko Wijnia. By de earste 10 siet net in Hofstra wylst der 3 meidienen. Eeltje Postma wûn fan sawol syn heit Pyt as fan omke Wouter, dus syn jier kin no al net mear stikken. By de top 4 sieten allinnich mar 60-plussers, dus dat moat folgend jier oars. Douwe-Dirk en Anna-Marie Wijnia waarden troch it lot 3 kear oanelkoar bûn. Neffens ús winne je noch earder de Staatsloterij.
Mei tank oan Meinte Wesselius en Popko Wijnia!

Fuotbaljen

Mar leafst 75 lju dienen mei oan it fuotbaltoernoai. It waard in alderaardichste middei mei fuotbaljen wêr ’t fuotbaljen om giet. It moaiste spultsje wat der is! Elkenien wie winner, mar de measte drûge woarsten gienen úteinlik nei Ajax mei Jelmer Posthumus, Dirk Stegenga, Stan Korbach. Tjerk Ebbinge, Harmke van der Werf, Hester Kingma, Jacob-Klaas Haitsma, Robert Sijbesma, Johan Postma en Wichard Deinum.

Beste goal

De priis foar de beste goal fan it toernoai gie nei Martin Rienstra. Hy skeat in bal fanôf 20 meter stiif yn de krúzing.

Kuierje

De kuierders binne it jier ek moai begûn mei in moai blokje om.

Betterskip André Vink!

De nijjierstaspraak wie net al te lang, mar der waard al efkes stilstien by it siikwêzen fan André Vink Hy krige in grut applaus om him te sterkjen om gau better te wurden. Jim kinne noch altiten jim kaartsjes stjoere nei:
André C. Vink
de Singel 30a
8734 HR Easterein
Of nei it UMCG t.a.f. André Vink

Krystpuzzel Treffer

Ut de hûnderten goeie ynstjoerings fan de oplossing fan de Krystpuzzel yn de Kryssttreffer waard juster in winner lutsen. Wytze Breeuwsma hat in SDS-sjaal wûn. Hy wurdt sa gau as mooglik by him thús brocht.