Weppers woansdei 9-1-2018

Weppers moandei 7-1-2019
7 januari 2019
SDS manlju op OFK
9 januari 2019

André Vink

Moandeitejûn krigen wy it berjocht dat André oan de betterende hân is en sels oerbrocht is fan it UMCG yn Grins nei it sikenhûs yn Snits. Dit liket der op al is hy der fansels noch lang net. Jim kinne noch altiten jim kaartsjes stjoere nei:
André C. Vink
de Singel 30a
8734 HR Easterein
Of nei it Antonius-sikenhûs yn Snits t.a.f. André Vink

VTON

Justerjûn wie de VTON-útlis troch SDS-projektlieder Lourens van der Pol en VTON-kontaktpersoan Pieter Santema.

SDS manlju jûn los op it OFK

Jûn meie de mannen fan SDS los op it OFK yn Frjentsjer. Sy begjinne om 19.30 oere.
De seleksje bestiet út: Jaap Toering, Feite de Haan, Tsjipke Okkema, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Bote Strikwerda en Willem Wijnia.
Dit is it programma:
19.30 SDS – Makkum
20.12 SDS – Kollum
20.54 Puinhoop United – SDS
21.36 Leekster Eagles – SDS
22.18 Bergum – SDS

De nije SDS-League

De transfermerke is wer iepen oant 1 febrewaris. Dat betsjut dat wy sneon 9 febrewaris wer los gean mei de nije SDS-League. Mei de tiid kinne jim hjir de nije formulieren wer fine. Dizze meie dan ynlevere wurde foar sneon 9 febrewaris om 19.00 oere.

Harsens derby (2092)

Toet, toet!