Weppers moandei 4-4

Weppers snein 3-4
3 april 2016
Weppers tiisdei 5-4
4 april 2016

SDS-dropaksje

It is tiid foar aksje! De SDS-dropaksje!
Dizze en nije wike kinne jim wer SDS’er(ke)s oan de doar ferwachtsje dy ’t drop ferkeapje. Je meie safolle drop keapje as je wolle!

Skorst
A-junior Pieter Sijtsma stie sneon op ‘e nij yn de basis by SDS 1 en die dat op ‘e nij net ûnfertsjinstlijk. Al rûn hy wol tsjin in giele kaart op en in seare hân.  Om de hân kin der sneon miskien wol wer fuotbalje, mar troch de giele kaart is hy sneon skorst.

Koprinner?!
SDS 3 wûn sneon knap mei 5-1 fan sc Bolsward 3 en ferwachte dêrmei stevich op it twadde plak te kommen. Koprinner Balk 3 moast ommers tsjin Balk 4, dus dat soe wol in winstpartij opleverje. It rûn efkes oars. Balk 3 – Balk 4 waard 0-0 en dat betsjut dat SDS 3 no boppe-oan stiet!

4 te min
SDS B1 moast ôfrûne sneon op de Lemmer fuotbalje tsjin CVVO B2. De riders wienen allegear moai op tiid út Easterein fertrokken om dêr te fuotbaljen. Tidens de warming-up die allinnich bliken dat sy 4 man te koart kamen. Ien auto fol. Ien auto wie oer Balk nei de Lemmer riden en by de Lemmer wie de boel ôfslúten. Sy moasten werom, mar koenen it paad net mear fine. Doe ’t de skeids fluite foar it begjin fan de wedstryd kamen sy krekt oanskiten. SDS b1 ferlear de wedstryd úteinlik mei 4-2.

JUMBO
SDS A1 moast sneon tsjin Leeuwarder Zwaluwen A1. Om der efter te kommen hoe ’t de mannen der foar stean kinne je dan it beste efkes op freed nei de JUMBO yn Wommels. Hjir wurkje wol in pear jongens dy ’t yn de A1 fuotbalje en dy wol oanjaan kinne as sy it dreech krije of net. Sa ek ôfrûne freed. Efteryn de winkel stienen de Leewarder Zwaluwen 7e en ferlear SDS de earste wedstryd fan harren mei 2-0. Foaryn de JUMBO waard it noch dreger, want út wie mei 2-0 ferlern en stienen de Ljouwerters ynmiddels al 5e……… Lokkich genôch wûn A1 mei sneon mei 4-2 en steane sy noch gewoan boppe-oan.

Horloazje kwyt?
Wa hat sneon in horloazje ferlern? It giet om in blauhorloazje.
It is ôf te heljen by Lolke Bouma Tsjerkebuorren 33 yn Easterein. Tel: 0515-331352


SDS’ers derop út!
Jan en Dirk de Jong binne juster mar wer efkes nei in Bundesliga-wedstryd west. Dit kear waard it Borussia Mönchengladbach – Hertha BSC. It waard mar leafst 5-0!


Harsens derby (1698)
Dit hat mear fan rugby…………