Weppers snein 3-4

Ut- en ferslagen 2-4
31 maart 2016
Weppers moandei 4-4
4 april 2016

Pupillen

Tom Koopman en Jesse Fennema wiene de pupillen fan de wike. Sij woene mei oanfierder Hendrik de Jong op de foto

Strafskop
SDS 1 krige sneontemiddei in strafskop yn de wedstriid tsjin Delfstrahuizen. Jelmer Posthumus makke de wichtige 2-1. Johan Delfsma (sjoch
hjir) en Jacomien Heeres (hjir)hiene de kamera yn de oanslach en setten it op film.

Eintsjes

Der komme hieltyd minder wylde einen wurdt er sein. Net yn Easterein, dit stel woe graach meidwaan mar foar it mantsje siet dat er net yn. De froulju fan SDS fuotballen hjir.

Foto’s
De wedstriid fan SDS A1 is juster wer aardich yn byld brocht. Neist Johan Heerma syn
reportaazje wie ek fotograaf Martin Oscar de Jong oanwêzich en hij makke dit der fan.

Bunnikside

Wat hiene de mannen fan de Bunnikside der wer sin oan. Op harren plakje tsjin de klaaiboksen oan, op de noardeastside, soene se yn alle rêst de wedstriid fan SDS 1 wer fersjen fan harren hierskerpe analyses. Se kinne dêr de emoasjes fan al dat oare publyk net bij brûke. Sij tinke en analisearje it leafst yn stilte, mei elkoar.
It waard in desyllúsje.
Hjoed hingje se allegear thús op de bank om mei stampende pine-yn-kop.
Dat is net kaam troch it spul fan beide ploegen, ek net troch de sinne dy’t it wat ôfwitte liet en ek net troch in tredde helte. Nee, dit lijen kin taskreaun wurde oan in lawaaimakkerskiste yn de boks bij VR QVC 1.
45  minuten lang moasten de analitisi dit lijen ûndergean en se diene sa no en dan ek noch in lyts gebed mei de fraach: kin dat brûzen ek wat sneller of kin dat ding ek út. Beide gebeden waarden net ferheard wat in leauwen yn hegere machten net grutter makke hat.
Op de fraach oan it lêste Starumse fromminske, dy’t sels net mei dat ding op de foto woe, wat de Bunnikside him hiel goed foarstelle kin, hoe’t it west hie at se ferlern hiene, wie it antwurd dúdlik: net oars.
De Bunnikside hopet dat se dan in folgjende kear moarns om 9 oere fuotbalje moatte yn Easterein.

Blues
Wa’t fan blues hâldt moat hjoed seker efkes bij Noflik yn Easterein sjen. Streekrjocht, fia Hartwert fanut Chicago
Rockin Johnny Burgin. Sis mar gelyk nei de ronde fan Vlaanderen en de tagong is fergees.

Harsens derby (1697)
Toet toet!!