Sneon 1 desimber

Weppers freed 30-11-2018
30 november 2018
Weppers moandei 3-12-2018
3 december 2018

Hawwe jim wat leuks te melden, doch dat dan op sds-nijs@home.nl en info@vv-sds.nl of whatsapp nei 06-55117582.

08:45 ST SDS/Nijland JO15-3 ST IJVC/Blauwhuis JO15-2 2-3
08:45 SDS JO11-1 Makkum JO11-1 7-4
08:45 SDS JO11-2 Workum JO11-4G 11-1
10:00 SDS JO12-1 Mulier JO12-1 3-2
10:00 SDS MO13-1 Oosterlittens MO13-1 0-1
10:00 SDS Mini-League
10:20 ST SDS/Nijland JO15-1 Oosterlittens JO15-1 2-1
11:15 SDS MO17-1 GAVC MO17-1 2-0
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 ST SJO RVC/Langweer JO19-1 2-1
12:55 SDS JO17-2 S.C. Stiens JO17-3 2-1
14:30 SDS 1 Willemsoord 1 4-0
14:30 SDS 3 Leeuwarder Zwaluwen 7 5-3
09:00 Oosterlittens JO8-1 SDS JO8-1
09:30 MKV’29 JO12-2 SDS JO12-2 7-1
10:30 SC Bolsward JO17-1 SDS JO17-1 1-0
10:30 QVC JO9-1 SDS JO9-1
10:45 Franeker SC JO10-5 SDS JO10-1
12:30 ST Terschelling/AVV JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-2 1-2
14:30 SC Bolsward 6 SDS 4 3-2
14:30 Tzum VR1 SDS VR1 0-2
15:00 Workum 2 SDS 2 3-1

SDS 1 makket gau dien wurk

At je fan doel wiene om allinne de twadde helte te sjen, dan hiene je hjoed pech. De earste helte liet SDS 1 de mannen út Willemsoord alle kanten fan it moaie keunstgersfjild sjen.  It skoaren gie hjoed ek maklik en dêrom koene de doelpunten net útbliuwe. Moai oanfallen, goed kombinaasje spul en de gunfaktor lieden ta trije doelpunten: Habtamu, Lourens en Habtamu wiene de ôfronders.
Noch foar de tee makke Erik Haitsma ek noch in doelpunt út in frije traap wêrbij de bal noch efkes oanrekke waard troch in ferdigener.

Moai rêststân en hoopfol waarmen de SDS supporters harren op yn de wittenskip dat it ferline jier 8-0 waard. Helaas, it spul wie in stik minder en der wiene noch wat kânskes mar doelpunten levere it net op.

Trije moaie punten hjoed en nije wike yn Aldemardum mar werris sjen at dit in goed ferfolch krije kin. Oer twa wiken de lêste thúswedstriid fan dit jier tsjin sc Berlikum.

Foto’s Henk Bootsma

Henk Bootsma hat juster wer hiel wat foto’s makke by SDS. Jim kinne se hjir fine op Facebook:

SDS 2

SDS 2 ferlear yn Workum mei 3-1. It doelpunt fan SDS waard makke troch Watze-Jacob van der Wal.

SDS 3

SDS 3 wûn mei 5-3 fan Leeuwarder Zwaluwen 7. By de rêst wie it noch 2-1. De SDS-doelpunten waarden makke troch Henk, Robert, Willem, Peter en Willem.

SDS 4

SDS 4 gie ferrassend mei 3-2 ûnderút tsjin sc Bolsward. En dat wylst koprinner QVC punten lizze liet troch lyk te spyljen. SDS stie mei 2-1 foar, mar jûch it dochs noch út hannen. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Dirk-Yde Sjaarda.

SDS VR1

De froulju fan SDS Vr.1 kamen mei 3 punten werom út Tsjom. Sy wûnen dêr mei 2-0 troch doelpunten fan Hester en Seriette.

SDS JO 17-2 sleept der wer in oerwinning út

It koste wer hiel wat enerzjy om de 4de oerwinning fan it seizoen te pakken. De wil om te winnen wie sneon sa grut en dat it beleanne waard wie prachtich. sc Stiens JO17-3 fuotballe iets makliker mar ynfaller doelman Jeffrey van der Werf soarge der foar dat de kânsen  gjin doel troffen.

Ien fan de útfallen fan SDS levere in prachtich doelpunt op fan Tim Sweering. Frij foar de keeper wist hij mei syn linkerpoatsje behearst de lange hoeke te finen.

Nei it skoft sette scStiens noch mear druk en it wiene twa giele kaarten (10 minuten nei de kant) oan SDS side dy’t yndirekt foar de gelykmakker soarge. Mei 9 man wie it foar SDS “mem en freondinnen earst” mar kaam de bal ûngelokkich tsjin de earm fan Jorrit Engelsma. De strafskop waard benutten.

Mei wer 11 man yn it fjild kaam SDS der noch in inkele kear goed út. Goed trochsetten fan Tom Wijnia op rjochts de bal hielendal nei de oare kkant en dêr wie it it Gerben Gerbrandy dy’t de bal der ynknoffele.  De lêste spannende minuten pakte de SDS doelman noch in pear doelrike ballen, wurke de ferdigening alles fûleindich fuort en bleau it 2-1.  In prachtige teamprestaasje dizze oerwinning. Mei noch ien wedstriid te gean sit it linker rychje der seker yn.

SDS JO15-2 set Terschelling op stelten‼️

Wat in fuotbalpot sneon. Út tsjin Jo15-2 fan SC Terschelling en mei 1-2 winst nei hús.
In compleet team wie op tiid op de boat. It begjin wie domme pech. Bij de warming up rekke Lennert blesseert oan de pols. Dat wie in grutte tebeksetter foar ús. De boel moast om. En wat in dik kompliment foar Thomas Oane dat hij Lennert ferfange woe. Fanôf de start fuort en daliks striid om de bal. Mar it wie slordig en de mannen liken wol wat stresst. Der kamen gjin grutte kânsen en it wie dreech de bal yn de ploeg te hâlden. Nei in kertier koe Jelmer út in hoekskop dan dochs de 0-1 yntikje. Dat jûch wer moed, mar net foar lang. In útbraak fan de tsjinstanner waard net goed blokkeert. In skot fanôf de 16 kaam stiif yn it krús 1-1. Dit wie ek de ruststand. Yn de rust wiene de mannen hongerig.
Nei better fuotbal mar ek nei de winst. Der waard 1 ôfspraak makke: Terschelling net sjitte litte!
Die opdracht waard de twadde helte goed útfiert. De ynset wie goed, der waard hurd wurke, al bliuwde it spul wat rommelig. Der kamen fan twa kanten weinig kânsen. Wol blessures. Jasper moest nei 15 minuten mei in seare knibbel der út en ek Rico krige in beuk fan de tsjinstanner. Yn de 20e minuut kaam in pass fanôf it midden goed yn de 16 fan Terschelling. Allinnich de hânrem koe Sije stopje: pengel!
Dat is Pieter syn krêft 1-2! De mannen wisten toen wat hun te dwaan stie. Rico koe net fjirder en waard wissele. Dernei alles op alles om dit fêst te hâlden. Mei de tonge op de grûn is dit slagge. De trije punten gjin mei nei hús.
Mei troch ús super ynfal keeper Thomas Oane. Klasse Thomas!
Lennert moast noch nei it sykehûs foar gips. De oerwinning is ek foar him!
No meitsje we ús klear foar de kampioenswedstriid, thús yn Easterein om 10.40 oere.
Oant nije wyke‼️
Gosse

MKV ’29JO  12-2 – SDS JO 12-2

Helaas, we hebben vandaag met 7-1 verloren van MKV. Maar wat een wedstrijd! De eerste helft hebben we goed partij kunnen geven en erg goed gespeeld met een aantal mooie kansen! De tegenstander zouden het wel even winnen van ons, maar waren onder de indruk geraakt van oms goede spel! Met rust was de stand 2-1 door een supergoal van Auck!

Helaas kwamen we de 2e helft minder goed uit de startblokken, met als gevolg dat we een aantal tegendoelpunten kregen. Maar toch bleven we goed spelen en creëerden we zelfs weer kansjes! Al met al een voor ons een mooie wedstrijd en ben daarom ook super trots op al onze spelers die gedurende deze helft van het seizoen veel geleerd hebben en ook tactisch veel beter zijn gaan spelen. Volgende week de laatste wedstrijd tegen Makkum, hoop dat we daar nog wat puntjes kunnen halen!

Fokke Boschma

Coach opgelucht na bijzondere wedstrijd tegen Makkum.

Als coach was ik bijzonder opgelucht na de wedstrijd maar tijdens de wedstrijd was ik behoorlijk onrustig gezien het score verloop tijdens deze wedstrijd.
Hoe was dan het score verloop.

    1. , 1-1 , 1-2 , 2-2 , 3-2, 4-2, 5-2, 5-3, 5-4 op de 5-4 ( cruciale redding van Herman ) 6-4 en 7-4 viel als een bevrijding.

Dus weer 3 punten erbij en nog 2 wedstrijden te gaan uit naar Workum en thuis tegen Terschelling. Supporters weer bedankt voor jullie support!💪

groetjes van de coach

Efkes Balje

It gearstallen fan de twa ploegen barde dizze kear yn de auto tusken Hinnaard sintrum , Itens east en Itens west en Easterein.
De kopstikken hiene it goed úttocht: selden wie it sa spannend. Better 32-32 as 4-4, seienen se ek noch en dus paste yn dizze strategy ek wat gruttere doelen.
De doelpunten foelen om en om. De sebeare trainers hiene nei ôfrin fansels beide sein dat der fan de 15 doelpunten 13 weisjoen wiene troch knullich ferdigenjen mar dat sille dizze 10 Efkes Ballers ûntstride. Alle doelpunten wiene it gefolch fan ûnneifolchbere oanfallen mei safolle beweging, ynsicht en ynset dat se net te ferdigenjen binne. De doelpunten foelen om en om en meast fuort efterelkoar oan.
De tiid begong te dringen (de objektive healweinjoggen oere klokslach stiet noch yn de stigers) dus moast in ein oan de striid makke wurde troch in partijdige meifuotballer dy’t of troch de oaren of troch de eigen partij bekritiseard wurde soe.
Gelokkich wie Sipke der ek. As ynternasjonaal keatsskiedsrjochter fielde hij oan dat it bij in gelikense stân fan 15-15 moai genôch wie en mei de wurden dat it al 2 minuten oer tiid wie koe der gjin diskusje mear wêze oer hoe’t de stân twa minuten earder wie, at de klok wol slein hie.
In gelykspul dus, mar kwa belibbing allegear winners.
De finale fan twa doelpunten waard fansels nei 1-0 earst 1-1 en doe 2-1. Mar feitlik libbe dizze finale hjoed minder as oars fanwege de prachtige grutte striid. Ik wit sa net iens mear wa’t wûn hat……
Bij ploech mei hes foel op dat Folkert Rients yn de skoare modus stie en dat kaam wierskynlik dat hij krekt foar de wedstriid hearde dat hij mei Sebeare wer op de radio te hearen wie en fielde hij him wer 2 sinten en in stoer riker fanwege muzykrjochten. Bij ploech sûnder hes foel op dat in sjurtsje (lês kleur) wikselje tidens de wedstriid fan swart nei rose net allinne de kleur feroaret mar ek de persoan.
Konklúzje is wol dat swart de bettere kleur is, mar dat wist ik al hiel lang. Yn rose haw ik noch nea rûn.

Oranje hesjes: Harry, Ferrie, Folkert Rients, Pieter de B en Sipke
Oare kleuren: Menno, Frank, Kerst, Pieter V en
Aant