Sneon 27-10-2018

Weppers freed 26-10-2018
26 oktober 2018
Weppers moandei 29-10-2018
29 oktober 2018

 

09:00 ST SDS/Nijland JO15-1 Workum JO15-2 1-2
09:00 SDS JO13-1 Zeerobben JO13-2 12-1
09:00 SDS JO9-1 QVC JO9-1
10:00 SDS Mini 1 SDS Mini 2
10:20 ST SDS/Nijland JO15-3 LSC 1890 JO15-4 1-2
10:40 SDS MO17-1 Annaparochie St. MO17-1 2-3
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 Makkum JO19-1 1-3
12:30 SDS JO17-2 Leeuwarder Zwaluwen JO17-2 3-1
14:30 SDS 1 Scharnegoutum’70 1 0-0
08:30 SC Berlikum JO12-1 SDS JO12-2 3-4
09:00 Mulier JO12-1 SDS JO12-1 7-5
09:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO11-2 SDS JO11-2 0-13
10:15 Zeerobben JO8-2 SDS JO8-1
10:15 Oosterlittens MO13-1 SDS MO13-1 7-3
10:30 VC Trynwalden MO15-1 SDS MO15-1 4-3
11:00 Blauw Wit ’34 JO10-5 SDS JO10-1
12:15 Blauw Wit ’34 JO15-4 ST SDS/Nijland JO15-2
12:30 Makkum 2 SDS 2 0-2
13:15 Heerenveen JO17-2 SDS JO17-1 10-1
14:30 QVC 3 SDS 4 gnt

SDS 1 – sc Scharnegoutum’70     0-0

In 0-0 wedstriid dy’t net ferfeelde. Genôch kânsen foar beide ploegen om in doelpunt te meitsjen. Yn de earste helte in better fuotbaljend Scharnegoutum en in op de kounter loerend SDS. It levere de gasten in oantal kânsen op dy’t net fersulvere waarden.
It wie in stevich potsje fuotbal mei in prima liedende skiedsrjochter, dy’t de kaarten lang yn de bûse hold.
Yn de twadde helte kaam SDS better yn de wedstriid en wiene se seker net minder as de ploech fan trainer Remco Bervoets. Ek no wer kânsen oan beide siden. Hendrik de Jong liet it net wol trilje en it publyk juichenmar it wie gesichtsbedroch: it wie it sydnet.
Yn de alderlêste minút noch in libbensgrutte kopkâns foar de gasten mar keeper Jaap Toering seach de bal neist gean.

Teloarstelling bij Scharnegoutum want sij fûnen dat er mear ynsitte hie (op basis fan de earste helte) en in foldien gefoel bij SDS dat mei de goeie ferdigende ynstelling in punt út it fjoer sleepte.

Pupillen fan de wike


Sven de Haan en Evan de Jong wiene de pupillen fan de wike. Sij woene mei Pieter en Jaap op de foto.

SDS 2 pakt trije punten

SDS 2 hie ferlet fan punten, skreaunen wij freed. Sij hawwe harren dat oanlutsen en binne mei trije punten út Makkum weromkaam. De 0-2 oerwinning kaam ta stân troch doelpunten fan Yward Zijlstra en Dirk de Jong.

SDS JO17-2 – Leeuwarder Zwaluwen JO17-2    3-1


In tsjustere wolk soarge letterlik en figuerlik foar skaad oer dizze earste oerwinning foar SDS JO17-2. Halbe Willem Overal makke in rare fal op skouder en holle bij in ûngelokkich duel en hij moast foar observaasje nei it sikenhûs, wêr’t hy seker in nacht bliuwe moat.

SDS/Nijland JO15-2: trije punten yn de bûse!

Hjoed de útwedstriid tsjin Blauw Wit Jo15-4. Jasper en Jelmer binne noch blesseert en Rico geniet noch fan fekânsje. Dêrom prachtig dat Niels Hiemstra fan Jo15-1 mei dwaan koe. Top Niels!
De earste wedstriid yn de kjeld makke de mannen neat út. Elts op syn plak en mei Olaf op de rjochtsback setten we skerp útein. De opdracht wie wer de bal snel oerspylje. Dat gie goed en soarche dat Joop yn de 10e minuut úthelje koe: 0-1. Yn it ferfolg fan de earste helte krigen we noch in pear mooie kânsen, maar oant de thee  bliuw it 0-1.
Twadde helte mei de wyn yn de rêg waard wer snel spyle. It waard der troch ek wol wat ûnrêstig en minder sekuur. Dat naam de wille net fuort want yn de twadde minuut nei rust makke Thomas Oane gelyk de 0-2.
Blauw Wit liet toen de holle hingje. Yn de drokte foar de keeper rôle de bal sa yn eigen goal, 0-3. SDS/Nijlân krige de opdracht net mei te gean yn it spul fan Blauw Wit en sels skerp te bliuwen. Dat slagge goed want yn de 25e minuut jage Gjelt de bal fan 20 meter hurd yn de goal: 0-4 en dermei ek de einstân. De skiedsrjochter fûn it sa prima en fluite dernei gelyk ôf. In mooie oerwinning en 3 punten yn de bûse.
Oant nije wyke om 9 oere thús yn Nijlân tsjin Stiens Jo15-2.
Hans, Tsjeard, Jelmer en Gosse.

Berlikum JO12-1 – SDS JO12-2

Hjoed moast SDS JO 12-2 tsjin en yn (in kâld) Berltsum spilje. Al om 8:30 gie de wedstriid fan start… De jongens wiene wekker: mei rest stie it 0-3! Nei it skoft kaam Berltsum werom, mar de spannende wedstrid eindige yn ús foardiel: 3-4. Supertrots op ús spilers! En fansels ek in speciale tank foar Christel die it team foartreffelik lieden hat!

Efkes Balje

Hjoed is de wedstriid SDS 1- Scharnegoutum 1.
Nei hast 30 jier stiet de derby op it programma. In derby mei sentimenten want hat spiler Wytze Lanting fan Scharnegoutum it fuotbal net leard bij SDS en hat trainer Remco Bervoets net grutte suksessen hân as spiler bij SDS en dêrnei as jeugdtrainer bij SDS?
Dy Remco lit neat oan it tafal oer. Hij kaam justerjûn persoanlik it fjild efkes “ynspektearjen” en hoe kinne je dat better dwaan as Efkes Baller op freed? Hij woe witte at it gers wol grien en koart wie en at it skoareboerd it wol die.
Hij wie der dus hiel tafallich wer in kear en mei him 10 oaren. It wie in moaie en boeiende striid tusken de 5 gielen en de 6 mei alle oare kleuren.
De 5 moasten alle war dwaan om bij te bliuwen en bij 7-7 kaam de gelykense stâm op it boerd. Dêrnei setten de 6 efkes fûl oan en sleepten de grutte partij binnen.
De 2 doelpunten út finale wie al like spannend en de VAR waard mist. Uteinlik wûnen de 6.
De 5 mei 7 nammen: Menno, Frank, Harm, Folkert Rients, Foeke Dirk
De 6: Wouter, Syb, Wybren, Klaas, Remco en Aant
De 10 oare Efkes Ballers winskje Remco nei hjoed wer in hiel soad sukses ta.