Weppers moandei 28-11

Sneon 26-11
25 november 2016
Wol of net op keunstgers bolje?
28 november 2016

Keunstgers

Hjoed stiet der u.o. yn de Ljouwerter Krante en de Volkskrant ien en oar oer de undersyken fan de keunstgersfjilden. Fannemiddei sille wy ien en oar hjir op de webside sette oer it keunstgers by SDS.

Ljocht oan

In primeur sneon. De healwei trijen wedstriid fan SDS 2 dy’t  fanwege de ynfallende tsjusternis bijljochte wurde moast.

ljochten

Acht kear thús

Kommende sneon binne der 8 thúswedstriden en 3 útwedstriden. De kompetysjes fan de measte jongste jeugd is dien.

Patat

De famkes fan MO13 wûnen sneon mei 8 – 3 fan de famkes ut Warkum. It wie prachtig waar en de famkes hienen der sin oan. Se spilen Warkum hielendal fuort. Coach Peter seach dat it goed wie en nei de tiid wie de wol fertsjinne traktasje…. patat!!!! En dat gie der wol yn!

sds-mo13-patat-nov-2016

Better!

Anne Brouwer wie ôfrûne sneon al efkes by SDS 2 te sjen wylst hy noch mar krekt lyn in ‘nije’ hartklep krigen hat. Hy makket

it tige goed, mar moat no ek noch in nije knibbel. Wy tinke dat der wol graach ien fan deselde baarch hawwe wol… 😉

Betterskip!

De kaartsjes hawwe Anne Brouwer dus blykber goed dien. Ate Vellinga knapt noch net sa hurd op. Hy hat ynmiddels al 66 kaartsjes krigen, mar is noch altiten yn Drachten. Jim kinne him altiten noch in kaartsje stjoere.
Van Andel kliniek, Nij Smellinghe
Compagnonsplein 1, 9202 NN Drachten

JO17-2

De tsjinstanner fan JO17-2 koe sneon it paad nei de Skoalleseize net fine. Dêrom waard der ûnder lieding fan skeids André Vink underling in potsje ôfwurke op it prachtige keunstgersfjild. Dy kans liet hja sich net ôfpakke. Je freegje jo alline wol ôf wat de froulju fan MO15-1 de energjy wei helje. Marije… Esther…Ilse en Marit wiene nei it twa nul ferlies tsjin Erica noch net wurdich en spilen mei de JO17-2 mei. Lieder Pieter sei dat dit wol wer ris koe en dat de mantsjes suver mear harren best dienen ûnder de belangstelling fan …… de famkes!

Fûn

In de kassa van de Skoalleseize van zaterdag zat een telefoonchip. Degene die een telefoonchip kwijt is mag contact met mij opnemen
Groet Greet Bouma
Tel 0515331352
Of 0622073269

Ja, ja…….. 😉

  • Tseard de Vries waard sneon by SDS 2 wiksele yn de wedstryd tsjin Nijland 2. Logyske wiksel. Hy wie blesTseard…………
  • By Ajax waard Ziyech yn de twadde helte tsjin sc Heerenveen ek wiksele. Ek net in rare wiksel. Hy wie krekt Ziyech west………
  • By Ajax fuotballe Younes wer in matige wedstryd. Net raar fansels op sneintemiddei. Hy fuotballet leaver Younes……..

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
Lês der hjir alles oer!

Sinterklaasjen

Sawol SDS 1 as 2 sille tongersdei Sinterklaasje yn de kantine. Dit betsjut dat sy beide om 19.00 oere traine. SDS 1 op it keunstgers en SDS 2 efter de sporthal.

Harsens derby (1798)

Lekker!