Weppers moandei 26-3

Sneon 24-3-2018
23 maart 2018
Weppers tiisdei 27-3
27 maart 2018

SDS JO10-2 spilet earste KNVBwedstryd op Flylân ea

De JO10-2 mocht sneon foar it earst in KNVB-wedstryd op Flylân spylje tsjin VSV’31. Omrop Fryslân gie sels mei op de boat. Sjoch ek hjir. Kommende woansdei in ferslach yn ‘Hjoed’ op Omrop Fryslân.

VSV'31, it earste fuotbalteam op FlylânVSV'31, it earste fuotbalteam op Flylân

VSV'31, it earste fuotbalteam op FlylânPupillen fan de wedstriid


Wij begjinne de nije wike noch in kear mei in foto fan de pupillen fan de wike mei de twa doelpuntenmakkers. Fan lofts nei rjochts: Habtamu de Hoop, Geert Jan Diever, Jesse Hoitema en Gerwin Sybesma.

Trije kear rekke, mar……


Gerwin Sybesma skoarde sneon foar de tredde kear op rige mar dêr bliuwt it foarloapich bij. Spitigernôch foar SDS sil hij foar 5 wike op staazje nei Sweden en mist dêrtroch 6 wedstriden.

Foto fan Henk Bootsma

Floris telde der ek trije (foto; Henk Bootsma)

Noch mear foto’s fan SDS 1 – Nijland 1!

Fansels hat Henk Bootsma noch folle mear foto’s makke fan SDS 1 – Nijland 1. Jim kinne se hjir op Facebook besjen.

SDS JO11-1 oan de patat!

SDS JO11-1 mocht sneon oan de patat en limonade en krigen in medalje! Sy wûnen net allinnich de derby tsjin Easterlittens mei 7-1, mar wienen fant winter ek sealkampioen wurden.

Foto fan Minne Bouma

SDS 4 bliid mei wedstrydsponser

SDS 4 hie sneon alle beurzen yn it klúske en de kaai fan it klúske wienen se kwyt. Mei troch de wedstrydstiper fan de wedstryd fan SDS 1, Woonvaria Wommels, hoefden de mannen net op in houtsje te biten nei de wedstryd. Johan Delfsma hat mar efkes foar de mannen lappe en lokkich woe de pake fan Steffen Bruinsma ek wol efkes ta de bûse.

Nea mei de polityk bemoeie!

De erefeoarsitter fan SDS, Enno Bruinsma, sei altiten;”as fuotbalklup moatte je je nea mei de polityk bemoeie’! By Zeerobben hienen se better ek sa ’n erefoarsitter hawwe kinnen……….

Bus fol?

Sa ’t it no liket sit de bus fan SDS 1 nei Bant fol op Peaskemoandei. Appie, Klaas Overal, Andries (ûnder foarbehâld), Inne, Enne-Johannes en Marc Hoekstra sille mei as supporters.

Harsens derby (1999)

Toet, toet!!