Sneon 24-3-2018

Weppers freed 23-3-2018
23 maart 2018
Weppers moandei 26-3
26 maart 2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582

09:00 ST SDS/Nijland JO15-2 Franeker SC JO15-3  2-2
09:30 SDS JO11-1 Oosterlittens JO11-4  7-1
09:30 SDS JO8-1 Franeker SC JO8-3
10:45 SDS JO13-2 SC Bolsward JO13-6  2-4
11:00 SDS JO17-2 SWZ Boso Sneek JO17-4  0-3
12:20 ST SDS/Nijland JO15-1 SWZ Boso Sneek JO15-2  1-2
14:30 SDS 1 Nijland 1  3-0
14:30 SDS 4 CVVO 4  1-2
08:45 Zeerobben JO13-2 SDS JO13-1  5-2
09:00 Arum JO9-1 SDS JO9-2
09:15 Makkum JO11-3 SDS JO11-2  1-3
10:00 Blauw Wit ’34 JO9-1 SDS JO9-1  24-2
10:15 Joure SC JO10-3 SDS JO10-1  0-21
10:30 Leovardia MO15-2 SDS MO15-1
11:00 VSV’31 JO10-1G SDS JO10-2  14-0
11:00 SJO DFC MO13-1 SDS MO13-1
12:00 Balk JO17-1 SDS JO17-1  7-1
12:30 Sweach De MO17-1 SDS MO17-1  10-3
12:40 Zeerobben JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-3  0-5
12:45 Waterpoort Boys 4 SDS 3  5-3
14:00 QVC VR1 SDS VR1  0-1
14:30 Balk 2 SDS 2  1-0
15:00 Harlingen JO19-1 SDS JO19-1  0-2

SDS 1 set ek Nijland oan de kant

“It is moai om de jonges no op it fjild te sjen” dat wiene de wurden fan trainer Douwe Posthuma fan Nijland ( en learaar Ingels op Bogerman yn Wommels) sa’t dy optekene stiene yn Op é Skille, it regioblêd yn de greidhoeke.
Grutte kâns dat Douwe sneontemiddei om 16.20 nei it ferlies sein hat: “It’s all in the game”. Miskien dat er tidens de wedstriid en nei de wedstriid noch wat oare Ingelske wurde brûkt hat om syn teloarstelling te uterjen.
SDS wie de baas op it fjild sûnderdat it yn de earste helte ta in soad grutte kânsen liede.  It spul gong wat hinne en wer tusken de twa strafskopgebieden en de earste treffer kaam nei in lyts  offensyfke fan SDS. Twa kear in frije traap tichtbij de 16 levere de twadde kear in doelpunt op.

Tsjin it skot fan Erik Haitsma koe gjin muorre op.

Yn de twadde helte soe Nijland komme moatte mar foardat se dêr de kâns ta krigen stie it al 2-0. Jelmer Posthumus yn de ploech kommen foar Lourens van der Pol kaam los op lofts en hij paste prima op Habtamu de Hoop dy’t wol mei wat muoite de doelman fan Nijland passearde. 2-0 foar en doe wie it wachtsjen op Nijland dat komme moast.

Sij kamen net en sa koe SDS it rêstich útfuotbalje sûnder it initsjatyf fuort te jaan. It waard sels noch 3-0, want Gerwin Sijbesma makket der in goeie gewoante fan om de bal fanôf lofts yn de fierste hoeke te skowen.  Opmerklik foar in ferdigener: it wie syn tredde doelpunt yn trije opienfolgjende wedstriden.

It doelpunt waard as de ferlossende treffer fierd.

De fierders sportive wedstriid mei in skiedsrjochter  dy’t goed en seker net te faak fluite eindigt yn 3-0 en dat wie mear as fertsjinne.

Opstelling SDS:
Jaap
Bauke, Jacob Klaas ( Marco), Gerwin, Remco
Wiebe, Ewout, Pieter (Matthijs) , Erik
Habtamu, Lourens (Jelmer)

Doelpunten: Erik Haitsma, Habtamu de Hoop en Gerwin Sijbesma
Giel: Wiebe en Habtamu

Pupillen mei doelpuntenmakker op de foto


Geert Jan Diever en Jesse Hoitema wiene sneon gau beret. Sij woene op de foto mei de twa jonge doelkpuntenmakkers Habtamu de Hoop en Gerwin Sybesma

SDS Vr 1 hat oan ien doelpunt genôch

Mei 0-1 winne, dat binne moaie oerwinningen. Hoe en wat dat witte wij net mar Seriette Strikwerda makke it ienige doelpunt tsjin QVC VR1

SDS 2 ferliest nipt

Gisteren de wedstrijd Balk 2 – SDS 2 op een slecht hoofdveld.
Balk, de Nr 2 in de competitie, dus we konden aan de bak. We waren versterkt met Arjen, en 2 man van ’t 1e, Frank en Hendrik. Vandaag geen minuut tot minuut verslag, in de eerste helft scoort Balk de enige treffer van de wedstrijd, maar daarna hadden hun spitsen het vizier niet meer scherp. Er ontstond een harde, net niet over de scheef gaande, prachtige wedstrijd met een goed fluitende scheidsrechter, en een onvoorstelbaar hard werkend SDS. In de slotfase kregen we een stuk of 5 corners redelijk snel achter elkaar, maar zelfs met Marten als extra aanvaller er bij wou de (misschien wel verdiende) goal niet vallen. Al 3 wedstrijden achter elkaar zit er een stijgende lijn in ons spel, dat moet de komende wedstrijden punten gaan opleveren. Ondanks het nipte verlies toch een zeer tevreden maar moe gestreden ploeg in de kleedkamer, dat zegt genoeg. Heren, een groot compliment voor deze wedstrijd.
Boudewijn Kramer

SDS 3 kin 3-1 foarsprong net fêsthâlde

3-1 foar tsjin WPB 4 wie net genôch. It stie 5-3 oan de ein. Doelpunten Robert Sijbesma, Peter Sijbesma en Pieter Kamstra

SDS 4 yn mineur

It is fansels ferfelend at je yn de twa en tachtichste minút de 1-2 om de earen krije. Dochs wie dat net de reden dat de jonges fan SDS 4 yn mineur wiene en neat dronken nei de tiid. Nee, dat hie in oare reden. De kaai fan de kluis mei dêryn de beursen, de mobilen, de auto kaaien en de Rolexen wie fuort. Ferlern op it of lâns it fjild omdat ien de spilers dy bij him hie…….

Mei feriene krêften foaral troch de jonges dy’t de grutste toarst hiene waard der socht …..

Balk JO 17-1 – SDS JO17-1

Nei 4 wedstryden witte we wer we steane. 1x wun en 3x ferlern. Yn elts gefal wer mei beide fuotten op e grun. It wurde yn Balk in sanklapper. Einutslach: 7-1. Geflatteerd: Ja. Ferstsjinne: Jaseker. Dochs wie de earste kans foar us, mar spitich genoch gie de bal der net ien. Balk liet efkes letter in stikje effectief fuotbal sjen, want harren earste kans wie wol gelyk goal. Dernei noch in pear beste reddingen fan Mark en noch in bal op e latte. We komme goed fuort en dan is der Sietze die samar mei de kop moai de lykmakker deryn kopt. Yn dizze fase wurd der fan us kant efkes goed fuotballe, mei nammen Douwe Jan fuotballet sterk op it middenfjild.

Mar it duorret net lang of Balk makket de 2-1. Ietwat gelokkich, mar miskien dwinge je dit ek of. It liket wol at no al it ferset brutsen is. Balk bliuwt wol fuotbaljen en it wurd fan us kant hieltiid minder. It wurde wer allegeare lange ballen en we bruke totaal net de romtes die der wol degelijjk lizze op de flanken.

It wie hjoed fuotbaljen sunder in idee derefter. Hjir sille we mei syn allen keihurd oan wurkje moatte.
Theo

SDS JO10-1 makket der 21

SDS JO11 2 pakt de winst

SDS JO11-2 pakt de winst tsjin Makkum JO11-3. In spannende wedstriid, mar yn de létste minuten waard it 1-3 foar de toppers fan JO11-2!

JO 10-2 op Flylân

It wie grut nijs op Flylân. De earste wedstriid yn kompetysjeferbân fan VSV ’31. Tsjinstanner fan VSV 31 JO 10-1G wie SDS JO 10-2. Sels Omrop Fryslân hie hjir belangstelling foar en in hiele lytse ympresje is hjir te sjen

Efkes Balje

It hie smullen west foar de sjoernalisten em de oare parse nei ôfrin fan al wer in edysje Efkes Balje: reaksjes fan fuotballers út it djipst fan de siel wei en net fersykt mei it kiezen fan de goeie wurden troch ien of oare mediatraining.
K*t, wykein bedoarn, k*t, smoar yn, djip teloarsteld, dat binne noch de meast positive reaksjes fan de 4 dy’t geweldich partij joegen, ticht bij in oerwinning wiene mar mei echt lege hannen harren miskien wol deljoegen foar in wierskynlik teloarstellend potsje fuotbal yn Amsterdam.
De 4 (Foeke Dirk, Syb, Wybren en Menno) moasten it mei harren entûsjasme, skotkrêft en rinfermogen opnimme tsjin de 5 : Ferrie (op giele skuon, dy’t reade ferve binne) , Wouter (op skuon dy’t hast tenein binne, mar wol opfolgers krije), Sipke (noch fol adreline fan de rugby wedstriid Wales-Frankryk) , Pieter (de hiele wike yn de ferkeap en ynkeap fan giele skuon sitten) en al wer pake Aant (rûn suver neist de skuon fan grutskens)
In spannende earste pot mei in tuskenstân fan 10-10, mar yn de lêste minuten waard it 12-10 foar ploechje 5-man.
De lytse finale (2 doelpunten) is dan fan it grutste belang om te winnen. In spannend en in enervearjend partijtsje mar wol mei de winst foar ploechje 5 troch lekker kombinaasjespul foar it doel.
Aant