Weppers tiisdei 27-3

Weppers moandei 26-3
26 maart 2018
Weppers tongersdei 29-3-2018
29 maart 2018

Lokwinske Gert-Jan!

Gert-Jan Hessels is juster 30 jier wurden Noch fan herte lokwinske! De kofje stie 14.00 oere klear, Eeltje! 😉

Lokwinske Wichard!

Wichard Deinum sjocht hjoed Abraham. Fan herte lokwinske!

Lokwinske Aant!

De Ăąldste wepmaster is ferline wike op ‘e nij pake wurden! Fan herte lokwinske! Tsjeard en Berber ek lokwinske mei de berte fan lytse Nyck!  En beppe Jelly fansels!

Nyck begjint al aardich op pake te lykjen!

Nije Freonen fan SDS!

Dit binne de twa nijste Freonen fan SDS en lyk ek de jongsten. Marc en Lisa Hoekstra, de bern fan Robert en Tineke Hoekstra, steane no op it Freonenboerd yn de kantine. Pake en beppe Meijer binne de stipers.

Foar  € 50,- yn it jier  kinne jo ek Freon fan SDS wurde.  Jo krije dĂȘrfoar Ășs klupblĂȘd, “de Treffer”, fergees tastjoerd en jo hawwe by kompetysjewedstriden fan Ășs earste Ăąlvetal frij tagong. Foar nijere ynljochtings kinne jo skilje mei  Enne Jehannes Bruinsma  (till. 0515-332013). Jo kinne je hjir ek oanmelde.

Skorst

Wiebe Heeres krige ĂŽfrĂ»ne sneon syn 5e giele kaart by SDS 1 tsjin NijlĂąn 1. Dat betsjut dat hy kommende sneon Ășt tsjin Workum skorst is, mar der wol wis fan is dat hy Peaskemoandei Ășt tsjin Bant fuotbalje mei.

De nije Treffer

De nije Treffer leit by Ășs haadstiper en drukker Van der Eems. As alles wat meisit dan lei de nije Treffer mei de Peaske by jim troch de bus.

Poiesz-sponseraksje

Je kinne noch altiten munten sparje by de Poeisz foar de jeugd fan SDS. Der hinget in koker by de Poiesz yn Skearnegoutum en yn de kantine stiet in koker. De Poiesz hat dizze wike wer spesjale oanbiedings wĂȘr as je ekstra munten mei fertsjinje kinne.

 

Harsens derby (2000)

Spesjaal foar Ășs 2000e kear ien fan Ășs favoriten. Dit docht mar wer bliken dat je altiten je harsens derby hĂąlde moatte.