Weppers moandei 25-8

Weppers snein 24-8
24 augustus 2008
Weppers tiisdei 26-8
25 augustus 2008

SDS 1 – Broekster Boys 1
Siem Sikma is wer yn de penne klommen om in ferslach te skriuwen oer de bekerwedstryd fan ôfrûne sneon tusken SDS 1 en Broekster Boys 1. Jim kinne it
hjir lêze.

Oefenje
Neffens it ferslach fan Siem Sikma oefent SDS 1 moarntejûn út yn Elahúzen tsjin De Wâlde. Hoe let dit begjint is ús net bekend, mar it sil wol in oer as 19.00 wêze.

Oprop
Noch efkes en de earste Treffers fan it seizoen rolje wer fan de parse. Wy hawwe allinnich ien probleem. Dukke van der Weij is nei foarich seizoen stoppe mei it besoargjen fan de Treffer. Sy brocht de Treffer by de helte fan de Eastereiner SDS-leden. Wa soe dit fan har oernimme wolle?
Mail nei
info@vv-sds.nl!

Grinsrjochter(s) socht!
Noch altiten hawwe de froulju fan SDS net in grinsrjochter. Sy wolle mar wat graach ien of twa(om en om) hawwe. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

SDS E1
yn sterke poule
SDS E1 heeft een zware indeling voor de beker. Na eerst de hoofdklasser LSC te hebben getroffen (6-1 verlies) kwam nu hoofdklasser Akkrum langs. SDS begon erg goed en kwam heel verdiend met 2-0 voor door doelpunten van Jorrit Veldman en Watze Jacob. Er waren goede combinaties en achter zat het compleet dicht. Toen de 2-1 viel en vlak voor rust de 2-2 leek er nog niets aan de hand.
Na de rust begonnen we teveel met de bal te lopen, te weinig zonder bal en……. er vielen wat wanklanken in het veld, iets wat niet bij SDS E1 hoort. Gevolg was dat Akkrum makkelijk uit kon lopen naar een 2-6 overwinning.
Toch zijn beide wedstrijden goed geweest. De combinaties zijn soms vloeiend maar de foutjes worden ook direkt afgestraft. Toch weer een mooi ploegje voetballers bij elkaar om er dit jaar weer iets moois van te maken.|
Remco Bervoets

Undanks de profesjoniele opwaarmer dochs ferlies foar E1

Utslaggen
Wij wolle graach alle útslaggen fan wedstriden op dizze side melde. Nim no sneon. Doe wiene der ferskillende wedstriden wêrfan wij de útslach sneintejûn noch net binnen hawwe. Wij soene de lieders of oaren sizze wolle: it is dochs in lytse muoite om ús
te mailen. Oars moatte wij der tenei mar fan út gean dat se hiele dikke nederlagen leden hawwe.

In moai affysje

De feteranen wurde sneontemoarn om 12.00 oere ferwachte op it heech wurdearre feteranentoernooi op Skylge. Yn de Skylgerkrante wurdt it sa oankundige. Soks wolle je fansels net misse at je bij SDS 5 sitte.

Net thús mar út
SDS 3 spilet woansdei de twadde bekerwedstryd. Op it programma in thúswedstryd mar it spile yn Koudum. Tsjin Oeverzwaluwen 2.

Krap(1)

De famkes fan SDS kinne noch wol wat spylsters brûke. Wa ’t it wat liket kin op tiisdeitejûn 19.00 oere is op in training sjen of in pear kear meidwaan om te sjen as it wat is. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

Krap(2)
Ek yn de seal kin SDS noch wol wat spilers brûke. Liket it je wat om yn de seal te fuotbaljen mail dan nei info@vv-sds.nl.

OS Poultje
De belangstelling binnen SDS om mei te dwaan oan de OS fuotbalpoule wie net sa grut.  Wij wolle fansels noch wol de stân fan de 6 SDS dielnimmers melde.

Wij hawwe it idee, sterker noch, wij witte it wol seker dat de iene webmaster op 1 stiet en de oare op 6.

SDS League
Binnenkoart(nei 31 augustus) hawwe jim wer de gelegenheid om jim yn te skriuwen foar de SDS League. It is miskien riedsum om him net tegeare mei je partner yn te fullen………….

Hawwe jim wat te melden mail it nei dizze adressen!