Weppers snein 24-8

Útslagen sneon 23-8
22 augustus 2008
Weppers moandei 25-8
24 augustus 2008

Út- en ferslagen
Wy hawwe noch net alle útslagen fan juster binnen. Hawwe jim in útslach(mei it leafst in lyts ferslachje), mail it dan nei
ús
!

Spannend?
Yn de poule fan SDS 1 bij de beker wurdt it noch spannend. Want soe ONS samar trochgean? Sjoch
hjir foar de útslaggen fan in soad bekerwedstriden

Nei Skylge?
It wie mits maaie doe ’t Jacob Plantinga bekend makke dat SDS 5 op 30 augustus in tripke nei Skylge makket. Harm-Auke Dijkstra wie der as de kipen by en woe wol yn de feestkommisje om te foarkommen dat hy bûten de seleksje falle soe. It is no noch 6 nachtjes sliepen en dan is it safier. By eltsenien komme der al wat kribels yn de búk. Jacob Plantinga foel dan ek hast fan syn stoel doe ’t hy freed tillefoan krige. It wie Hampie…………… “Ik gean net mei”, sei der…….. Wy hawwe it fermoeden dat hy dit noch hiiiiiieeeeeel lang te hearen krijt.

In snoek
It snoekfiskjen bliuwt in grutte hobby ûnder de seleksje fan SDS 1. Sels de begelieding wurdt al oanstutsen:
Tidens de wedstryd fan SDS 1 waard der in bal fier fuortroeid troch in spiler fan Broekster Boys. De bal bedarre op it skiepelân efter de klaaikeamers. Nei de wedstryd tocht assistent-trainer Gert-Jan Hiemstra de bal wol efkes op te heljen. By de feart oankommen glide Gert-Jan echter út en stie mei beide fuotten yn it wetter: “In snoek, in snoek bij Gert-Jan yn de broek……”

Handich
It kin as trainer wol maklik wêze as je tsjin je âlde klup moatte. Je kinnne net ferrast wurde, want je witte alles fan je âlde klup. Je kinne de spilers noch by namme en dat praat makliker dan dat je it hawwe moatte oer “dy spiler mei dat lange hier” of “dy mei dat burd”. Wol is it maklik dat je eigen spilers dan de nammen ek kenne. Âld SDS-trainer Klaas Dijkstra gie der juster tidens de wedstryd SDS – Broekster Boys fanút dat syn wiksels harren húswurk goed dien hienen. By it ynbringen fan de 2 wiksels krekt foar tiid rôp hy; “Jan do giest by dy nûmer 12 stean en do…… by eeeuuuuuuhhhh………. Skelte…….” Skelte die ferfolgens foar de wissichheid syn hân efkes omheech om misferstannen te foarkommen.

Ferklaaid
Ek fuotbalfans geane hieltiten gekker ferklaaid nei it stadion. Sjoch hjir nei in prachtige kompilaasje fan healwize fans: